CDA-prominint Atsma: "Der hat noch nea sa'n soad omtinken west foar de partij"

CDA-leden koene oant tiisdei 12.00 oere stimme op wa't harren nije listlûker wurde moat: Hugo de Jonge of Pieter Omtzigt. Neffens CDA-prominint en Earste Keamerlid Joop Atsma hat de listlûkersferkiezing in posityf effekt op de partij. "Der hat noch nea sa'n soad omtinken west en der binne útstekkende kandidaten. Yn dy sin is myn byld dat it in posityf effekt hat", seit hy.
© CDA
Atsma liet him yn De Telegraaf lykwols negatyf út oer guon fan syn kollega's. "Ik ha my der oer fernuvere dat in tal minsken út de partij, faak net de minsten, har op foarhân al útlitte wa't sy stypje sille. Dan tink ik: tink der no even om. We ha 40.000 leden. Dy binne man of frou genôch om harren eigen ôfwaging te meitsjen."
"Ik fûn it net ferstannich om aan te jaan wa't dyn foarkar hat foardat de kandidaatstelling sletten is. Wat is dat no foar raars. Jou no elkenien de gelegenheid om him oan te melden. Dan sjogge we wol hoe't it komt", sa seit Atsma.

Keamerlid

Atsma hat de kampanje fan De Jonge en Omtzigt mei belangstelling folge, mar hy fynt it spitich dat der op ien fraach gjin antwurd kaam is. "Binne jimme ek ree om eventueel yn de Twadde Keamer te gean?", seit Atsma. Benammen by De Jonge is dat ûnwis. "As je net as Keamerlid aktyf wêze wolle, dan moat je net om nûmer ien stean. Ik gean der fanút dat Hugo de Jonge dan ek ree is om yn de Keamer te gean."
Op wa Atsma stimme sil wol der net sizze. "Wat ik stimd ha is net sa relevant. Dêr hat net ien wat mei te krijen. Foar mei binne se beide akseptabel", sa seit Atsma.
Joop Atsma oer de listlûkersferkiezing by it CDA