Kafee Spaltenbrêge rint noch ien kear fol foar kroechbaas Jolke

14 jul 2020 - 22:20

Noch ien kear giene de doarren fan Jolke's kroech tiisdeitejûn iepen. Jolke sels lei opbierd op it biljert. Oan de bar en om him hinne famylje, kunde en de fêste klanten. De markante kroechbaas fan Terwispel waard 74. Syn skoansoan fûn him yn bêd, dêr't hy rêstich mar ûnferwachte ynslept wie.

Jolke wie heit fan twa dochters en wie skieden fan syn frou, dy't twa jier ferlyn ferstoar oan in slimme sykte. Mear as tritich jier skonk Jolke syn favorite drank oan de gasten, dat wie bier. Jolke wie earder ek timmerman en waard op lettere leeftiid in tv- en ynternetfenomeen. Fia it Omrop Fryslân programma Hea, it lanlike programma Man Bijt Hond en de side Dumpert krige hy grutte bekendheid. Dy bekenheid soarge der foar dat der sa no en dan sels bussen mei gasten út it suden fan it lân foar de kroechdoar stiene.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by it ôfskied

De kist fan Jolke op it biljert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Der wiene tiisdeitejûn gjin taspraken, ek gjin tsjinst, mar de folle kroech dronk noch ien kear in pilske op Jolke. Jolke lit noch aardich wat ûnreplik guod efter wêrûnder in pear huzen, in loads en dus de kroech dy't hy lang ferlyn kocht. Woansdei wurdt Jolke kremearre yn lyts selskip en ferliest Fryslân ien fan syn markantste kroechbazen.

Fêste gast Wiebe de Boer oer Jolke

Trefwurden: 
kroech Jolke Terwispel
(Advertinsje)
(Advertinsje)