Fyftjin moanne sel easke tsjin autobestjoerder dy't agint fjirtjin meter meisleepte

In 24-jierrige man út Hoofddorp moat, as it oan de Offisier fan Justysje leit, fyftjin moannen de sel yn. De man soe in plysje-agint by in tankstasjon lâns de A7 sa'n 14 meter meisleept hawwe, doe't de agint probearre om de kaai út it kontakt fan de auto te pakken. Neist de selstraf is de eask dat de Hoofddorper in jier rydûntsizzing krijt en 600 euro smertejild betelje moat oan de plysje-agint.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De agint woe de kaai út it kontakt helje, om't fia it ANPR-Systeem (Automatic Numberplate Recognition) bliken die dat de auto wêryn't de Hoofdddorper rydt, stellen wie. It 'sleurynsident' barde by it BP-tankstasjon de Horne, oan de A7 by Haskerhoarne.
De agint, dy't tegearre mei in kollega yn in ûnopfallende plysje-auto rydt, hy sei dat hy fan de plysje wie en dat de 24-jierrige autobestjoerder de motor fan de auto útsette moast. Yn stee fan de motor út te setten, joech de autobestjoerder in straal gas en waard de agint, heal út de auto hingjend, sa'n fjirtjin meter meisleept.
Doe't de man út Hoofddorp in beweging makke yn rjochting fan in parkearre auto, liet de agint los. De plysjeman wie der fan oertsjûge dat de autobestjoerder mei opsetsin op de parkearre auto ôfriden wie om him tusken de doar en de auto te beknipen. De autobestjoerder gie der fan troch, mei twa plysje-auto's yn de efterfolging. By ôfslach Tsjalbert fleach de man út de bocht en probearre hy te flechten fia in sleat rjochting in stik greide. Yn de greide waard hy oermastere troch in tal aginten.
Offisier fan Justysje Roelof de Graaf oardiele dat de fertochte bewust de kâns oangrepen hie om de agint swier letsel ta te bringen. De plysjeman hat oan it foarfal mentaal in flinke klap oerhâlden, hy hat in skoft net goed sliepe kinnen. De rjochtbank docht 28 july útspraak yn dizze saak.