Wethâlder Groeneveld: 'Camping Lemmer foldocht net oan easken hjoeddeiske toerist'

14 jul 2020 - 18:40

De Lemster gemeentecamping foldocht net oan de easken fan de hjoeddeiske toerist. Dat docht neffens wethâlder Irona Groeneveld fan de gemeente De Fryske Marren bliken út in ûndersyk. Der is grutte argewaasje ûntstien oer de takomstplannen foar de Lemster gemeentecamping. De gemeente De Fryske Marren hat de hier opsein fan in grut oantal fêste campinggasten, dy't dêr harren caravan te stean hawwe.

"De camping hoecht net fuort, mar de camping feroaret wol. Wy ha praat oer de takomst fan de camping. Hoe wolle we dêr mei fierder en wat is dêr op dat plak it bêste om te dwaan. Dat ha we ûndersykje litten troch in buro. Dy hat oanjûn it sa'n prachtich plakje is, dat it beskikber bliuwe moat foar rekreaasje en toerisme. Dat kin op ferskate wizen", seit Groeneveld.

De bedoeling is dat de caravans plak meitsje foar camperplakken, toeristyske kampearplakken en ferhier-akkommodaasjes.

Undersyksburo

"It ûndersyksburo hat goed om him hinne sjoen op de camping. Dy hat petearen fierd en ek sjoen nei de eksploitaasje. Dy hat konstatearre: it kin net sa bliuwe, want de camping foldocht net oan de easken fan de hjoeddeiske toerist. Dêrneist wiene der problemen mei de brânfeiligens. Allinnich al dêrom moast it ien en oar oanpakt wurde", seit Groeneveld.

De wethâlder begrypt lykwols dat it foar guon minsken ferfelend nijs is. "Ja, natuerlik. Dy ha dêr in skiednis opboud. Dy binne dêr mei bern of mei heit en mem west. Der binne guon dy't der opgroeid binne oft harren partner dêr moete ha. Natuerlik, dat betsjut hiel wat", seit Groeneveld.

Wethâlder Irona Groeneveld oer de plannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)