Jeroen sjocht nei fjouwer moannen freondinne út Amearika: "Noch yn 'e wolken"

14 jul 2020 - 17:39

It hat wat fuotten yn de ierde hân, mar einlik is it slagge: Jeroen Boersma fan Harich hat syn grutte leafde Jasmin út Amearika sjoen, neidat er har moannen net sjen koe yn ferbân mei it coronafirus. "Ik bin noch hieltyd yn 'e wolken", seit Jeroen. "Ik bin al in wike wer werom, mar it is allinnich noch mar posityf no."

Fanwegen de coronamaatregels koene Jeroen en Jasmin inoar net yn Amerika of Nederlân sjen. It pearke, dat inoar sûnt febrewaris net sjoen hie, gie derom op syk nei in oplossing. "We soenen earst nei Yslân, dernei nei Portugal en doe kaam Servië op ús paad. Dêr ha we inoar wol wer sjoen", seit Jeroen.

Jeroen en Jasmin koene wol nei Servië, omdat dat lân gjin ûnderdiel is fan de Europeeske Uny. "Sy ha harren eigen regels", seit Jeroen. "De presidint hie dat allinnich mar dien fanwegen de ferkiezingen dy't der oankamen, want it gie dêr hielendal net goed. Krekt doe't we fuort wiene hat er alles wer tichtgoaid."

It moetingsmomint

Doe't alles regele wie en de reis fan Jeroen der opsiet, kaam fansels it meast wichtige momint: de moeting. "Ik wie al in pear oeren yn Servië earder oankaam. Ik hie al yncheckt yn de Airbnb en doe bin ik wer weromgien nei it fleanfjild om har op te heljen", seit Jeroen.

"Dan sitst fol smart te wachtsjen, in healoere letter kaam se troch de doarren fan it fleanfjild. Dan sjochst inoar wer nei fjouwer moannen, yn in frjemd lân dat je beide hielendal net kenne. Mar dan is alles wol yn ien kear wer goed. Dan makket it allegearre net mear út", sa seit er.

Petysje

Jeroen hopet dat se inoar ynkoarten wer yn Nederlân sjen kinne. "Der is no in petysje start: 'Love is Essential'. Dat seit eins dat langeôfstânsrelaasjes ûnder essinsjele reizen falle moatte en net ûnder toerisme. Denemarken, Sweden en Eastenryk ha al de grinzen iepen foar dit soarte relaasjes. Mei de petysje wurdt frege oft de EU der ek nei sjen kin", sa seit Jeroen.

Jeroen Boersma oer de moeting mei syn freondinne

(advertinsje)
(advertinsje)