Publyk net wolkom op Prinsjesdag: "Dan maar met een vlaggetje naar de tv zwaaien"

14 jul 2020 - 17:05

No't publyk net wolkom is op Prinsjesdag, fanwege de coronakrisis, moat Piet Jelsma fan Easterwâlde syn plannen bystelle. Hy soe nei Den Haag, as it heal koe, mar it kin net. No wol er it thús folgje. "De feesthoed op, en met een vlaggetje naar de televisie zwaaien."

Foto: ANP

"Het is vreemd", seit Jelsma, "Maar wel begrijpelijk dat het op deze manier gaat straks. Het wordt heel sober." Hy hie der graach hinne wold. "Als het had gekund, was ik er naartoe gegaan, maar de keuze is nu voor me gemaakt.

De keninklike rydtoer en de balkonsêne geane net troch op Prinsjesdag, en publyk wurdt oproppen om net nei Den Haag te kommen. Kening Willem-Alexander sil de troanrede wol foarlêze, mar hy komt net mei de koets nei it Binnenhof.

"Wilhelmina gong ek mei de auto"

Neffens keningshûskenner Bearn Bilker moatte we fier werom yn de tiid, foar in fergelykbere sitewaasje. "Dat wie fuort nei de oarloch. Doe is Wilhelmina mei de auto hinne en wer gien. In grut feest fûn se net passend."

De miljoenenota, 'of miljarden-', seit Bilker, bliuwt wol oerein. "Dy kin altyd presintearre wurde troch de minister fan finânsjes. Mar it wurdt wol in drege begrutting, fanwege de coronamaatregels. En de troanrede sil ek wol begjinne en einigje mei corona."

Jan Durk de Haan praat mei Bearn Bilker en Piet Jelsma

(advertinsje)
(advertinsje)