Fakatuere foar nije direkteur fan LF2028 iepensteld

14 jul 2020 - 16:08

LF2028, de opfolger fan de stichting Kulturele Haadstêd 2018, is op syk nei in nije saaklik direkteur. De fakatuere is no iepensteld, nei't yn maart 2020 saaklik direkteur Lieuwe Krol syn opdracht as kertiermakker foar LF2028 werom joech.

LF2028 - Foto: net bekend

Krol joech oan dat it wurkjen him ûnmooglik wurden wie en hie krityk op de provinsje. Neffens him wie dy fierstente traach wie en waarden ôfspraken net neikaam. Yntusken is LF2028 wer in stichting wurden, krekt sa't Krol en artistyk direkteur Sjoerd Bootsma fan it begjin ôf graach woene.

Arcadia

De nije saaklik direkteur moat der tegearre mei Sjoerd Bootsma foar soargje dat der yn 2022 in grut projekt realisearre wurdt: Arcadia. Op de webside fan LF2028 wurdt Arcadia omskreaun as "In de honderd dagen van april tot en met juli reflecteren kunstenaars en cultuurmakers, samen met bewoners en bezoekers op de kracht van en uitdagingen voor het buitengebied in vele voor publiek toegankelijke vormen".

De nije direkteur begjint op 1 oktober 2020.

(advertinsje)
(advertinsje)