Fûgelhelling fiert 45-jierrich jubileum net yn ferbân mei corona

De Fûgelhelling yn Oerterp bestiet dit jier 45 jier en se wienen fan plan harren jubileum útwreide te fieren. De útbraak fan it coronafirus hat lykwols roet yn it iten smiten. It bestjoer hat besletten de feestlikheden te skrassen.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Eveneminten as in sympoasium mei saakkundige sprekkers, in panel en in lunch komme der net. De ynkomsten sille de kosten fanwegen de te nimmen maatregels lang net dekke kinne, meldt it bestjoer. "Dat is hiel jammer en it is net it iennige dat by ús al oergong is fansels. Mar it is sa", seit foarsitter Henk Marinus.
"Benammen by de Fûgelhelling ha we wol wat kwetsbere minsken omrinne. We binne gewoan foarsichtich en de konklúzje wie dat we der dit jier mar net oan begjinne moasten", sa seit Marinus.

Keuntsútstalling

Der wie ek in keunstútstalling pland fan ûnder oare skilderijen en bylden fan fûgels en sûchdieren, makke troch bekende keunstners út it opfanggebiet fan De Fûgelhelling. De útstalling soe foar de iepen dei iepene wurde.
Dy iepen dei wie fan it foarjier al ferskood nei 12 septimber. Nei de iepen dei, dy't no ek net trochgiet, soene bewenners fan ferskate ynstellingen útnûge wurde foar in besite.
De Fûgelhelling giet der foarearst fan út dat se harren 46-jierrich bestean wol fiere kinne.
Foarsitter Henk Marinus oet it beslút