"Miljoenen út Den Haag binne net genôch foar it feangreidegebiet"

14 jul 2020 - 15:15

De polder Hegewarren tusken Grou en de Alde Feanen en it gebied Aldeboarn De Deelen krije 22 miljoen euro foar de oanpak fan de feangreideproblematyk. Dat hat minister Carola Schouten fan Lânbou en Natoer bekend makke.

De Hegewarren by Grou - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Douwe Hoogland moast wol goed syn bêst dwaan foar de miljoenen

Foar it provinsjenbestjoer is dit jild yn de earste fase fan de oanpak in boppeslach. Mar it is noch net genôch, seit deputearre Douwe Hoogland. "As it om de klimaatoplossingen giet, sille we noch mear sjen moatte nei it Ryk, Dêr besykje we ek ôfpsraken oer te meitsjen, want it jild fan de provinsje is net tarikkend."

De provinsje en wetterskip wolle it wetterpeil yn guon feangreidegebieten ferheegje om sa foar te kommen dat de boaiem fersakket troch de drûchte. Dy maatregel soe ek helpe om de útstjit fan it skealike CO2 tsjin te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)