Valery Popovich: "Natuurlijk scoorde ik alleen maar belangrijke goals"

14 jul 2020 - 14:50

Valery Popovich spilet mar in heal seizoen by sportklup Hearrenfean, mar makket grutte yndruk. Hy skoart seis kear, Hearrenfean einiget as twadde en mei foar it earst Champions League spylje. Popovich giet werom nei Finlân, mar Hearrenfean is him tankber. Neffens Foppe de Haan makke hy allinnich mar belangrike goals. Popovich: "Dat klopt, haha. Natuurlijk scoorde ik alleen maar belangrijke goals."

Ynternetrepo Popovich

Op 6 novimber 1999 wurdt bekend dat Hearrenfean in Fin hiere sil. It giet om in 29-jierrige spits, dy't foaral yn Finlân spile hat foar FC Haka. Hy is dan 29 jier en hat yn 146 wedstriden 97 doelpunten makke. It seizoen yn Finlân sit der dan op en hy is útroppen ta spiler fan it seizoen en is topskoarder wurden mei 23 goals.

Hearrenfean hat op dat momint in goed seizoen, mar kin wol in spits brûke. Dennis de Nooijer is lang útskeakele en Harris Huizingh hat problemen mei de rêch. Sa komt de Fin nei Hearrenfean. "Mika Pulkinnen en Mika Nurmela kende ik en die speelden in Heerenveen. Het begin was moeilijk. Heerenveen voetbalt heel anders dan alle clubs in Finland. Daar is het toch vaak lange ballen spelen. Het voetbal in Nederland is veel technischer."

Popovich is wend om oer it hiele fjild te rinnen en te draven, mar dat moast oars by Hearrenfean. "Foppe zei tegen mij: blijf gewoon op je plek staan, in het zestienmetergebied. Maar ik wilde overal staan. Foppe zei gewoon: blijf in het centrum staan."

Foto: Valery Popovich op Facetime

Popovich skoarde seis kear. Ien kear tsjin Cambuur en Hearrenfean is dan sa goed as wis fan it twadde plak. Se moatte lykwols noch ien punt pakke en dat kinne se pakke yn de ien-nei-lêste wedstriid tsjin FC Den Bosch. Fia Mourad komt Den Bosch, dat striidt tsjin degradaasje, op in foarsprong, mar noch gjin minút letter makket Popovich de lykmakker.

"Ik denk ik dat twee maanden geleden mijn zoon op YouTube de goal liet zien tegen Den Bosch. Ik weet nog dat het 1-1 werd. Mijn zoon zegt: 'Je scoort'. Dus ik zeg: Ja, natuurlijk. Ik kreeg een pass vanaf het middenveld, kreeg de bal onder controle en kon scoren."

Neffens Foppe de Haan skoarde Popovich allinnich mar belangrike goals. "Natuurlijk. Dat klopt." Popovich skoarde seis kear yn it shirt fan Hearrenfean. Mar mei Hearrenfean spile hy gjin Champions League. "Maar in Rusland heb ik wel Europees voetbal gespeeld tegen Napoli met Maradona en tegen Real Madrid."

Foto: Omrop Fryslân

"We werden tweede en dat was voor Heerenveen heel bijzonder. Het feest was niet zo groot. Ik moest de dag daarna alweer terug naar FC Haka. Heerenveen moest nog een wedstrijd spelen, maar FC Haka wilde dat ik snel terug kwam. Ik sprak de dag erna Foppe en de Heerenveen-voorzitter en die zeiden dat Haka graag wilde dat ik snel terugkwam, want ze deden het niet zo goed."

Hy woe wol bliuwe by Hearrenfean. "Absoluut, maar ik had een contract. Haka vroeg veel geld voor me. En meer dan eerst. Ik was te duur voor Heerenveen."

Goals Popovich

Hy wennet mar in lyts healjier op It Hearrenfean. "Mijn vrouw en kinderen kwamen een maand lang naar Heerenveen. We hebben daar een hele fijne tijd gehad. Ik volg Heerenveen nog steeds. Van Basten is trainer geweest. En hoe is het met Foppe? Met pensioen? Ah, oké." De soan fan Valery spilet no by FC Haka.

Anton Popovich - Foto: Omrop Fryslân

Syn namme is Anton Popovich en spilet as sintrale ferdigener of op it middenfjild. "Hij is een hele andere speler dan ik. Maar hij doet het goed. Of hij ooit bij Heerenveen gaat spelen?" In grutte glimk ferskynt op it gesicht fan Valery. "Ik hoop het. Ik hoop het echt."

Yn de Hearrenfean-wike sjogge we elke dei werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Hearrenfean bestiet moandei 20 july 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes. Elke moarn yn Fryslân fan 'e moarn sjocht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis, ha we fragminten fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslan makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. Jo as harker kinne dan it jubiluemboek fan SC Hearrenfean winne.

Alles oer Hearrenfean en harren 100-jierrich bestean kinst weromfine op us spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)