Omrop TIP: SC Cambuur-Harkemase Boys en fierljeppen live te sjen

Sportwedstriden meie wer, mar faaks mei 250 taskôgers. Datselde jildt foar SC Cambuur, dat tongersdei oefenet tsjin Harkemase Boys. It binne de op ien en op twa nei heechst spyljende klups fan Fryslân. Sneon is de earste fierljepwedstriid fan it nije seizoen. Omrop Fryslân stjoert beide wedstriden live út op de webside en yn de app.
© Orange Pictures
It is foar Cambuur de twadde oefenwedstriid fan de tarieding op it nije seizoen. Ferline wike wûnen de Ljouwerters dik fan ONS Snits, dat yn de haadklasse útkomt. Harkemase Boys spilet ien nivo boppe de Snitsers yn de tredde difyzje. It is de earste wedstriid ûnder de nije trainer Jan-Piet Bosma, dy't dit seizoen oan it roer stiet by de Harekiten.
De wedstriid begjint om 19.00 oere yn it Cambuurstadion en sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.
© Martin de Jong Fotografie
Se hawwe der ek in skoft op wachtsje moatten, mar sneon geane lang om let de fierljeppers ek wer los. De earste wedstriid fan it seizoen is op de skâns fan Burgum. Middeis ljeppe de twaddeklassers en jûns binne de earsteklassers oan bar. Fan de twaddeklassers is yn Fryslân Hjoed sneon in reportaazje te sjen. Grutte ljeppers as Bart Helmholt en Oane Galama ljeppe yn de twadde klasse.
Jûns om 18.30 oere begjinne de earsteklassers oan harren fierljepseizoen. Dat is te folgjen yn de livestream, dêr't sportferslachjouwer Freark Wijma it kommentaar by fersoarget.