Binnendoaraktiviteiten Grouster Merke skrast

14 jul 2020 - 10:43

De binnendoaraktiviteiten fan de Grouster Merke yn sporthal De Twine gean net troch. It slagget de organisaasje net om de oardelmeterregel binnendoar te hanthavenjen. Dat hat it bestjoer fan de Ferieniging Foar Folksformaken (FFF) bekend makke.

Foto: Google Street View

De organisaasje hie besocht ferskate maatregels ta te passen om de 'indoor'-aktiviteiten coronaproof te meitsjen, mar dat bliek net helber. "Feestvieren doe je met zijn allen. Niet met een beperkt groepje en niet op 1,5 meter afstand van elkaar", skriuwt FFF op harren webside.

Neffens harren soe in edysje fan it feest mei coronamaatregels net 'Merke-weardich' wêze en ten koste gean fan de feestfreugde. Dêrneist seit de organisaasje syn ferantwurdlikens nimme te wollen en net de boarne fan in eventuele oplibbing fan it coronafirus wêze te wollen.

De FFF is wol begûn mei it opsetten fan in alternative Merke, wêrby't der benammen ynsetten wurdt op aktiviteiten yn it doarp. It bestjoer ûndersiket no de helberens dêrfan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)