FIDEO: Rjochtsaak tsjin gemeente Waadhoeke oer Fryske plaknammen

14 jul 2020 - 10:25

Yn de rjochtbank fan Ljouwert wie tiisdeitemoarn in rjochtsaak tsjin de gemeente Waadhoeke oer it lyklûken fan it gebrûk fan de Fryske plaknammen yn de gemeente werom. Yn Waadhoeke wurde plaknammen no yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk trochinoar hinne brûkt. De saak is oanspand troch in ynwenner fan de gemeente.

Rjochtsaak Fryske plaknammen

Jehannes Elzinga fan Frjentsjer spant de saak oan. Hy fynt it ûnearlik dat ynwenners fan de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel wol Fryske nammen brûke meie en hy as ynwenner fan âld-Frjentsjerteradiel net.

"Ik haw al ferskillende kearen de gemeente Waadhoeke fersocht om oer te gean ta harmonisaasje, mar se wolle it net", seit Elzinga. It giet him net allinnich om de plaknammebuorden. As de nammen net offisjeel fêstlein wurde yn de basisadministraasje, kin dat ta problemen liede by de rjochtbank, de belestingtsjinst of by oare oerheidsorganen.

Elzinga fynt dat syn rjochten skeind wurde. Hy striidt al langer foar it Frysk yn de gemeente Waadhoeke. "As it net fêstlein wurdt, kin it ek samar wer ôfskaft wurde", mient er. "It Frysk is gjin aardichheidsje fan 'och, we sette ek even de Fryske namme op it boerd'." Elzinga tinkt dat er de rjochtsaak wol winne kin.

De rjochtbank docht oer seis wiken útspraak.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de rjochtsaak

Sjoch de rjochtsaak hjirûnder yntegraal werom:

(Advertinsje)
(Advertinsje)