Simmerblog: Simmer yn Eagmaryp en Terkaple

14 jul 2020 - 12:00

Omrop Fryslân is hjoed de hiele dei yn Eagmaryp en Terkaple. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:50
Simmer yn Terkaple en Eagmaryp
17:50
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Woansdei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Eastermar. Oant moarn!

17:21
"We hebben een bewogen periode achter de rug, maar nu moeten we verder"

Dat de skoalle ticht is, en dat it MFS dêrtroch yn de problemen komt, soarget foar pine yn it doarp. De ôfrûne perioade wie swier. Dat seit de foarsitter fan it doarpsbelang, Bram Nijp. "We hebben een bewogen tijd achter de rug, maar we moeten verder. Dat voel ik. Iedereen voelt het."

Bram Nijp - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman is by Bram Nijp fan it doarpsbelang

Nijp wennet noch mar trije jier yn Terkaple. Hij is al twa jier foarsitter fan it doarpsbelang. "We zijn hier komen wonen omdat we ons droomhuis vonden. We wisten toen nog niet eens waar Terkaple lag. "

De bestjoersfunksje hearde by it hûs. De minsken dy't der earder wennen, sieten ek yn it doarpsbelang. "Het witte huis van Joke wordt het genoemd, of van Simon. Het huis heeft een geschiedenis, en die kwam erbij."

"Het dorp heeft ons gepakt. Het gaat onder je huid zitten. Er is hier zoveel geschiedenis, zoveel beleving. De oude garde heeft het sopgebouwd. En de nieuwe garde wil dat voortzetten. Daar horen wij bij. Ik wil niet zeggen dat we toe zijn aan een nieuw begin, maar zo voelt het wel."

16:14
Takomst multifunksjoniel sintrum stiet faai nei sluting skoalle

No't de doarpsskoalle ticht is, fanwege in tekoart oan bern, is de takomst fan it multifunksjoniel sintrum ek ûnwis. Dat seit Gerard van der Velde. Hy sit yn it bestjoer fan dat sintrum, dêr't ek de gymseal fan de skoalle yn siet.

Gerard van der Velde - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman is yn de gymseal

"De gefolgen binne grut. Sa'n 40 persint fan de omset komt by de skoalle wei", seit Van der Velde. "Dat binne we no kwyt. Yn de kommende moannen sille we op syk moatte nei nije ynkomsteboarnen."

Tweintich jier lyn is it sintrum boud. "As doarp ha we doe 200.000 euro by mekoar brocht. Dat ferklearret ek de pine. It is in soarte fan rouproses. It hat even tiid nedich."

15:56
"De gekte hat taslein, ik kin myn eigen hûske net iens mear yn"

"It sit behoarlik fol", seit Rienk Mud. fan it fakânsjepark yn Terkaple. "Myn eigen hûske ek. Dat is oant healwei septimber ferhierd, dus ik kin der sels net iens mear yn. De gekte hat taslein."

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

De gekte hat taslein

It binne in protte Nederlanners dit jier, yn it fakânsjepark, wylst it oars in protte Dútsers wiene. "Dat komt troch de coronakrisis", seit Mud. Minsken gongen oars wol fierder fuort, mar no ha se Fryslân opnij ûntdutsen. "We hoopje dat se bliuwe sille."

It waar is om fierren faaks better, mar dat hoegt gjin probleem te wêzen, seit Rienk. "In siler sei in kear tsjin my: 'Min waar bestiet net. Der binne allinne minne klean.

14:21
"Een reanimatie is een heftige gebeurtenis, maar je kunt niets fout doen"

Der binne sa'n 220 ynwenners, yn de doarpen Eagmaryp en Terkaple, en der binne sân AED's. Dêrmei is it it feilichste doarp fan Fryslân, as it om it hert giet, seit Jacqueline Koelewijn. "Het advies is om binnen een straal van 500 meter een AED te hebben. Omdat dit een lintdorp is, hebben we er best veel nodig.

Jacqueline Koelewijn by in AED - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

De nije AED's binne noch net brûkt, seit Koelewijn. Dêr is se bliid mei. "Een reanimatie is een heftige gebeurtenis", seit se. Dat kin se witte, se hat ferpleechkundige west.

"De eerste keer dat ik zelf moest reanimeren wist ik hoe het moest, maar als iemand een hartstilstand heeft, leeft hij niet meer. Dat doet echt iets met de temperatuur, en met de huid. Die wordt koud en nat. Daar moet je niet van schrikken. Want je kunt niets fout doen."

13:47
Oprop oan omlizzende doarpen: meitsje it bijelint langer

Yn de bermen fan Terkaple en Eagmaryp groeie in protte wylde blomme. Dy binne dêr plante om de bijen te helpen. "We wreidzje it hieltyd fierder út", seit Else Stegenga. Sy is ien fan de frijwilligers út it doarp.

Else Stegenga - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Else Stegenga: It is net hielendal in wyldernis

"Ik lês graach de krante", seit Stegenga. "Alle dagen stiene dêr wol berichten yn oer hoe min oft it gie mei de ynsekten. Doe woe ik wat dwaan, it leafst yn de direkte omjouwing."

Der wiene mear dy't dat woene, en dus is it bijelint der kaam. "Kuierders en fytsers steane der ek by stil. Se meisje foto's, of ite hjir in stikje bôle. It is gewoan hiel moai."

It lint moat wol ûnderholden wurde. "We meane it ien kear yn it jier. En yn de maitiid stekke we it gers der út. In oerke, dan hâlde we op. Oars is it net te oersjen."

12:50
Leech skoalgebou: "Dit is niet logisch, het doet me zeer"

Der sieten 34 bern op de skoalle fan Terkaple, mar dat wiene der te min. No stiet it skoalgebou leech. "Dat doet zeer", seit Jaap Haasjes. Hy kin him der net by dellizze.

Jaap Haasjes - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Jaap Haasjes: Je kon merken dat er spanning zat in het dorp

De school heeft een geschiedenis, is in 112 jaar opgebouwd met stuivers en dubbeltjes. Die kun je niet met een paar pennestreken dichtgooien."

It probleem spilet net allinne yn Terkaple, seit Haasjes. "Het aantal scholen dat sluit stijgt nu sneller dan het aantal leerlingen krimpt. Dat heeft echt een enorme impact op de samenhang in een dorpje"

11:41
Ferslachjouwer Miranda Werkman ûntdekt de oarsprong fan Terkaple yn in âld tsjerke

"It bysûndere leit yn de oarsprong", seit Uiltje Brink, oer de kapel fan Terkaple. "Yn 1200 ûngefear is hjir al in kapel stichten, troch mûntsen út Aldeboarn wei. Yn de trettjinde en fjirtjinde ieu wennen hjir flak neist de famyljes Oenema en Roorda. Dy ha dizze kapel as priveekapel brûkt. Dy sille him ek wol betelle ha."

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman docht as is se op fakânsje, en dûkt de tsjerke yn

Noch altyd is yn de tsjerkeflier in grutte stien te sjen, fan fjouwer meter by twa, mei de namme fan Douwe Roorda der op. "Nei de renovaasje kaam er foar it ljocht", seit Brink. "De stien is hast acht ton swier. Dat dy hjir lizze kin, is unyk. Minsken sizze dat er hjir farrendewei kaam is. Dat der in gleuf yn de tsjerkemuorre makke is, en dat er der op beamstammen ynrôle is."

11:39
Jonge earrebarre koe net swimme, mar is it wetter wer út

De jonge earrebarre dy't samar it wetter yn rûn wie, by it earrebarredoarp yn Eagmaryp, is der yntusken wer út. Dat seit ferslachjouwer Miranda Werkman. "Ik tocht wat skattich, hy giet it wetter yn, mar earrebarren kinne net swimme, dus dat wie net de bedoeling... Der kaam al help oan, mar dat wie net nedich, want hy kaam der sels wer út."

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
10:55
Earrebarrepykjes binne wikenlang net wetterticht: "Dit is de bedoeling net"

Ho! Dit is in jong! Dat is de bedoeling net! Sabine Leffertstra raast it hast út, as in earrebarrepykje it wetter yn rint. Se is al 32 jier belutsen by it earrebarredoarp yn Eagmaryp, en se wit dat de pykjes earst net wetterticht binne. "As se berne wurde, binne se sa lilk as wit net wat. En dan kinne se ek net oer wetter. Dat komt pas nei trije of fjouwer wiken. Dan kinne se wat mear ha. Oant dy tiid moatte de âlden der op sitten bliuwe."

Sabine Leffertstra - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

"Ik sil myn soan wol even roppe, dy moat sjen dat er him der út krijt", seit Leffertstra. Se hat yn de ôfrune 32 jier hiel wat earrebarren kommen en gean sjoen. "Eins binne we der no wol klear mei, mar in earrebarre is trou oan it nêst. Dus se komme hieltyd wer werom."

10:08
"Wij mochten niet varen, dat heeft niemand me nog uit kunnen leggen"

Manfred Gubbels kin der net oer út, dat er yn de earste seis wiken fan de krisis gjin boaten ferhiere mocht. "Als je het over corona hebt, kun je beter in Fryslân in de buitenlucht zitten, dan waar dan ook. Maar wij mochten niet varen. Dat heeft niemand me nog uit kunnen leggen."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Yntusken binne hast al syn boaten fuort. Ferhierd. Net oan Dútsers, dy't der normaal in protte komme, mar oan Nederlanners, dy't Fryslân opnij ûntdekke. "We noemen ze herintreders. Ze omarmen Fryslân weer."

9:48
Skûlje mei waarman Jan Jonkman: "De boeren sille hjir wol bliid mei wêze"

It mei dan Simmer yn Fryslân wêze, it reint yn De Lege Wâlden. Ferslachjouwer Arjen Bosselaar skûlet by ynwenner Jan Jonkman, dy't as waarman ek foar Omrop Fryslân wurke hat. Hy wurdt der net oars fan. "Is het niet weer op mijn hooi, dan is het wel weer op mijn gras", skoddet er in moaie útdrukking út de mou.

"De boeren sille hjir wol bliid mei wêze. De gewaaksen raze noch altyd om wetter. Foar de toeristen is it minder, mar der komt dit wykein wer prachtich waar oan.

Der binne net in protte boeren mear, yn Eagmaryp en Terkaple. "Dat is yn de rin fan de jierren aardich weromrûn", seit Jonkman. "Eartiids stie it hjir pleats oan pleats, mar no binne der yn it iene doarp noch twa. en yn it oare miskien fjouwer. Dêr is it wol mei dien."

Jan Jonkman hellet de dicher Bredero oan

9:45
Ynwenner Jan Jonkman wit presys hoe't de doarpen fan De Lege Wâlden ûntstien binne

"De doarpen Eagmaryp en Terkaple neame we fan oarsprong De Lege Wâlden", seit ynwenner Jan Jonkman. "De doarpen binne yn mekoar opgroeid. It is ien lang lintdoarp wurden. "

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Jan Jonkman oer it ûntstean fan 'De Lege Wâlden'

Yn Terkaple stiet de tsjerke oan de bûtenkant fan it doarp. Sa is de namme ûntstien. Se neamden it Ter Kapelle. Dat is letter Terkaple wurden. De tsjerke stiet der noch. En de âlde eigeners lizze der yn begroeven."

Eagmaryp wie eartiids net Eagmaryp, mar Akkrom-Maryp. Dus de oarpsrong komt út Akkrum wei. Dêr kamen de mûntsen wei, en dy kamen hjir doe hinne.

9:30
Wolkom yn Eagmaryp en Terkaple

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed yn twa doarpen: Eagmaryp en Terkaple. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Miranda Werkman dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Marsum. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân

De ferslachjouwers fan Omrop Fryslân meitsje acht wiken lang in toer troch de provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners.

Jûn om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)