Kollum: "Wurden"

14 jul 2020 - 08:55

"In kollega/dichter neamt de poëzytablo's fan Ljouwert 'grêfstiennen'. En dêr lykje se ek wol op, it binne swiere betonnen platen mei tekst. Se lizze griis yn it trottoir. Foaral de sombere stien fan Jean Pierre Rawie njonken it begraafplak oan de Spanjertsleane hat it karakter fan in grêfmonumint. It rûkt dêr ek nei de dea.

Arjan Hut - Foto: Jacob van Essen

De Toan fan Arjan Hut

Njonken it gymnasium Beyers Naudé leit ek in tablo. Op dizze stiet in gedicht fan Koos Hagen, De Gelukkige Klas. 'Wij waren alfa's, schopten lawaai / vulden schoolkrant en lokalen', sa begjint it. Hagen siet op dizze skoalle en hellet oantinkens op oan syn klasgenoaten H. en K. H. wie siik en stoar op bêd. Oer K. skriuwt de dichter: 'als vroeger in elk tussenuur / viel hij door kogels in El Salvador.'

K. wie Koos Koster, sjoernalist en kenner fan de Kâlde Oarloch. Hy skreau as korrespondint oer de East-West-ferhâldingen en hoe't dy laten ta eangst en ûnderdrukking. Yn '82 wie er mei trije kollega's fan de Nederlânske telefyzje yn El Salvador. Dêr focht it folk tsjin in troch de Amerikanen stipe militêre regearing. Neffens dy regearing wie de Nederlânske kameraploech kommunistyske propaganda oan it meitsjen, want se praten mei de opstannelingen. De fjouwer sjoernalisten waarden yn in mûklaach lokke en deasketten.

De oarloch duorre dêrnei noch tsien jier. In ûndersykskommisje fan de Feriene Naasjes ûndersocht de moarden en ûntdekte dat kolonel Mario Reyes Mena ferantwurdlik wie foar de organisaasje en útfiering fan de fjouwerfâldige moard. De kolonel ûntsnapte nei de Feriene Steaten.

Pas yn septimber 2018 wisten sjoernalisten fan it tv-programma Zembla de moardner te trasearjen. Hy wennet yn Virginia, net fier fan Washington. Se filmje en belje by him oan. De âld strider wurdt lilk en beskuldiget de Nederlanners, hast tritich jier nei it fallen fan de Berlynske Muorre en it útienfallen fan de Sovjet -Uny, dat se mei har fragen ûnderdiel binne fan it grutte kommunistyske komplot.

'Tirannen klappe wurden om ta leugens / bringe frije boadskippers om', sa dichtet Tiny Mulder, dy't as famke yn opstân kaam tsjin de nazy's. 'Hâld in skalk each op wurden, sadra't frijheid op de sigen stiet.' It stiet op har poëzytablo op de Turfmarkt, njonken de Kanselarij. Nederlânske ministers, de mûlen fol fan it belang fan sjoernalisten foar de konstitúsjonele demokrasy, seine ta wurk te meitsjen fan de arrestaasje fan Kolonel Mena. Harren wurden binne wurden bleaun, oant no ta, en net mear as dat. Ald nijs is krekt as poëzy: it is mar foar in pear minsken hiel belangryk.

Dochs sille we Koos Koster en syn kollega's Jan Kuiper, Hans ter Laag and Joop Willemsen net ferjitte. Under oaren poëzy soarget dêr foar, op swiere monuminten yn de trottoirs fan Ljouwert, ynternasjonale stêd fan literatuer. Of, sa't Tiny Mulder dichtet, 'Gedichten swinge hjir de stêd troch / ta eare fan it frije wurd, teken / fan romte foar minskerjocht.'"

Trefwurden: 
De Toan fan Arjan Hut
(Advertinsje)
(Advertinsje)