NHL Stenden krijt Europeeske subsydzje fan 5 miljoen euro

NHL Stenden Hogeschool krijt, mei sân oare Europeeske ûnderwiisynstellingen, in Europeeske subsydzje fan fiif miljoen euro foar ynternasjonale útwikselings. Mei it jild wolle se studinten en dosinten mear ynternasjonale kânsen biede.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De subsydzje dy't de hegeskoallen binnenhellen, is de saneamde Erasmus+-subsydzje. Dy wurdt takend oan projekten dy't de kennis fan studinten en ûnderwiispersoniel fergrutsje troch harren ynternasjonale ûnderfining opdwaan te litten.
Bygelyks yn de foarm fan in ûndersyksprojekt dêr't studinten fan skoallen út ferskate lannen oan meidogge of fia staazjes. "Er komen dan studenten van de buitenlandse partners naar hier en er kunnen studenten van NHL Stenden naar die universiteiten", leit Erica Schaper, foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan NHL Stenden, út.
Dat is no lykwols net sa maklik yn ferbân mei it coronafirus. Schaper ferwachtet dat Europeeske studinten nei de simmerfakânsje wer makliker reizgje kinne en sjocht dêryn gjin probleem. Mar it wurdt dreger foar studinten fan bûten de EU. De hegeskoalle wol dêrom in kombinaasje meitsje fan digitale en fysike lessen.

RUN-EU

NHL Stenden sit mei sân oare hegeskoallen yn it saneamde RUN-EU-konsortium, Regional University of Europe. It ynternasjonale konsortium fokusset him op regionalisearring. Mei har allen sette sy har yn foar útdagings dêr't harren regio's foar stean, lykas leefberens, fergrizing en duorsumens.
Schaper is wiis mei de subsydzje: "We vinden internationale ervaring ontzettend belangrijk, voor onze studenten, medewerkers én ondernemers. Met de subsidie creëren we samen met onze partnerscholen nieuwe mogelijkheden."
Erica Schaper fan NHL Stenden