City Train spant koart pleit oan tsjin Feilichheidsregio

14 jul 2020 - 07:30

Hoewol't de City Train yn Ljouwert de ôfrûne tiid hielendal coronaproof makke is, mei it blau-giele toeristetreintsje dat troch de Ljouwerter binnenstêd rydt noch hieltyd net op folle kapasiteit ride. De Feilichheidsregio seit dat de tapaste spatskermen net genôch binne en dat de sitbanken yn it treintsje om en om leech bliuwe moatte. City Train is it dêr net mei iens en stapt nei de rjochter.

City Train Feilichheidsregio

De gemeente Ljouwert ferwiisde it fersyk fan City Train om in ûntheffing fan de oardelmeterregel troch nei Feilichheidsregio Fryslân. Dy oardielde dat de plestik skermen dy't tusken de banken hingje net genôch binne.

City Train kin dêrtroch folle minder minsken meiride litte, wylst se merke dat der wer mear klanten binne. "We hebben deze maanden bijna 20 procent meer mensen gehad dan in dezelfde maanden vorig jaar. Er is ontzettend veel vraag, maar we moeten nu iedere dag mensen weigeren", leit Daan Postma fan City Train út.

Yn de needferoardering dy't op 1 july fan krêft waard, stiet lykwols neat oer toeristetreintsjes. Om't it treintsje net falt ûnder de kategory iepenbier ferfier biede mûlkapkes ek gjin útkomst.

De coronamaatregels dy't City Train naam hat - Foto: City Train Leeuwarden

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort gong op de trein mei

Wêrom't de Feilichheidsregio gjin tastimming jout, is Postma net hielendal dúdlik: "Er staat in de noodverordening dat recreatief vervoer op anderhalve meter plaats moet vinden, maar je kunt het virus niet verspreiden als er iets tussen de mensen zit."

Wat him stekt, is dat wyldfrjemden yn it iepenbier ferfier deun op elkoar sitte meie, mar dat minsken út deselde húshâldens net ôfskieden fan elkoar yn de City Train sitte meie.

Spoedproseduere

Yn oare lannen yn Europa meie ferlykbere treintsjes wol wer ride mei pleksyglês of plestik seilen tusken de bankjes. City Train fynt de útspraak fan de Feilichheidsregio net reedlik en wol dat dy in útsûndering makket.

De organisaasje freget de foarsjenningerjochter no yn in spoedproseduere om it beslút fan de Feilichheidsregio te fersmiten. "Alle zitbanken zijn door plastic schermen feitelijk gesepareerde compartimenten in de buitenlucht. Zo is besmetting tussen verschillende huishoudens niet mogelijk en daarom is een ontheffing van de afstandsregel legitiem", sa skriuwt de organisaasje yn in ferklearring.

De útspraak fan de rjochter wurdt binnen twa wiken ferwachte.

Foto: Facebook City Train Leeuwarden

Daan Postma fan City Train

(Advertinsje)
(Advertinsje)