Soad animo foar simmerskoallen yn Fryslân troch corona

It tal bern dat dit jier meidocht oan de ferskate simmerskoallen yn Fryslân is grutter as ea tefoaren. Sa dogge der yn Ljouwert sa'n 200 bern mei oan de ekstra skoalwiken en yn Snits binne der 87 yn stee fan de ferwachte 40. "Ik denk dat die hogere aantallen alles te maken hebben met corona", seit projektlieder Koos Pot.
Veel animo voor zomerscholen in Fryslân door corona
Pot: "Ouders en kinderen hebben toch het gevoel dat ze daardoor misschien iets gemist hebben en willen nog even terug in de klas om met een goed gevoel de vakantie in te kunnen."
De simmerskoallen bestean no in pear jier yn Fryslân. De earste waard goed sân jier lyn yn Ljouwert opsetten en nei ûnder oare Frjentsjer is dit jier ek yn Snits in simmerskoalle losgien.
"We hadden verwacht dat we met zo'n 40 kinderen van start zouden gaan, omdat het voor deze gemeente een nieuw fenomeen is, maar we werden verrast door het grote aantal aanmeldingen. En toen hebben we moeten opschalen", leit Pot út.

Lessen binne oars as oars

De bern komme de earste twa wiken fan de simmerfakânsje nei de lokaasje oan de Harmen Sytstrastrjitte yn Snits. Yn de ferskate klassen krije se ûnder oare les yn stavering en rekkenjen, mar dat giet wol efkes op in oare wize as gewoanwei op skoalle. Juf Eline Braam: "We besykje wol om oeral in spultsje fan te meitsjen, sadat se hjir ek echt wille hawwe kinne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn de klas sitte sa'n 20 bern en de measten hawwe it bot nei harren sin. Jelte: "Ik bin hjir benammen om nije freonen te meitsjen. De measte fan myn klasgenoaten út Wommels binne mei fakânsje dus ik ha net ien om mei te boartsjen. Mar ik ha hjir alwer in soad nije freonen makke."
Mar foar de measte bern giet it der ek echt om om wat te learen. Marije: "Ik koe yn dy hiele coronaperioade thús net goed leare. Dat slagge gewoan net, dus ik moat no wat ynhelje."

Fakânsje ynleverje is net slim

En sa binne der mear bern dy't harren der dochs soargen oer makken. Tirza: "Ik wilde met een goed gevoel de vakantie in en dat goede gevoel was er door corona gewoon nog niet."
En dat se dêr wat fakânsje foar ynleverje moatte, fine se hielendal net slim. "Nee, het is hier heel leuk en we doen allemaal leerzame spelletjes", sa seit Tirza.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De reden om mei de simmerskoallen te begjinnen, wie in hiel oare. "Volgens ons is de zomervakantie gewoon te lang", sa seit Pot. "Vroeger was er nog een goede reden voor. Dan moesten de kinderen thuis helpen of op de boerderij, maar nu is dat niet meer zo."
Boppedat tinkt Pot dat seis wiken net op skoalle derfoar soarget dat de bern ek wer in soad kwytreitsje. "Er zijn heel veel onderzoeken waaruit blijkt dat zes weken geen school voor de kinderen niet goed is. Bepaalde kennis verdwijnt weer en het opstarten is ook lastiger."
Nei de start yn Súdwest-Fryslân wol Pot besykje it tal simmerskoallen takom jier noch fierder út te wreidzjen.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by de simmerskoalle yn Snits