Soad reek by brân by houthannel yn Ljouwert

14 jul 2020 - 06:19

Yn in houthannel oan de Orionwei yn Ljouwert is moandeitejûn brân útbrutsen. Dêr kaam in soad reek by frij.

Foto: Anton Kappers

Twa minsken yn in auto murken de reekûntwikkeling om 23.30 oere hinne op en giene op syk nei de oarsaak. Doe't se der achter kamen dat der brân wie by de hurdhouthannel, bellen se de brânwacht.

De brânwacht koe it terrein yn earste ynstânsje net op om't der in hiemhûn rûn. It fjoer waard dêrom mei in heechwurker bestriden. Doe't de eigener arrivearre, koene de helptsjinsten it terrein wol op. Nei in oere dwêsten, wie it fjoer útmakke.

Hoe't de brân ûntstean koe en oft der minsken ferwûne rekke binne, is net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Orionwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)