Argewaasje oer plannen foar Lemster gemeentecamping; fêste gasten moatte plak meitsje

13 jul 2020 - 22:30

Der is grutte argewaasje ûntstien oer de takomstplannen foar de Lemster gemeentecamping. De gemeente De Fryske Marren hat de hier opsein fan in grut oantal fêste campinggasten, dy't dêr harren caravan te stean hawwe. It is in tradisjonele famyljecamping mei ek in protte fêste gasten út Dútslân.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yntusken is der in camping-komitee oprjochte en fiert de pleatslike ôfdieling fan de kommunistyske party NCPN ek aksje tsjin de plannen.

Der binne hierders by dy't al mear as fjirtich jier simmers oan de Plattedyk ferbliuwe en foar novimber takom jier ferdwine moatte, sa hat de gemeente yn in brief oanjûn. De bedoeling is dat de caravans plak meitsje foar camperplakken, toeristyske kampearplakken en ferhier-akkommodaasjes.

Marijke Poot-Plantinga en har man - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Marijke Poot-Plantinga is mei har man sa'n gast dy't al hiel lang op dizze camping stiet. Sy wol der noch net oan tinke dat se fuort moat, mar makket har grutte soargen. Sy en har man hawwe al mear as fjirtich jier in caravan op de camping te stean, en ek har soan hat der no in fêst plak.

"Wij wachten af, want wij willen er eigenlijk niet eens aan denken dat we weg moeten. Je hoort het om je heen, de ene die zegt: ik ga weg. De ander heeft 'm te koop. Ik moet er niet aan denken. Wij willen hier gewoon niet weg en ik wil het ook eigenlijk niet horen", seit Poot-Plantinga.

Marijke Poot-Plantinga oer de plannen

Beslút yn novimber

Yn novimber sil de ried in beslút nimme, mar Rinze Visser fan de NCPN tinkt dat it foar in grut part al besletten is, al is hy noch wol striidber. "Der is altyd oeral wat oan te dwaan. Wy sille út hûd djoer ferkeapje. It giet net allinnich om ús, mar it giet om de minsken", sa seit Visser.

De camping telt yn totaal sa'n 240 fêste plakken. Hoefolle oft dêr fan bliuwe meie is net bekend. Guon fan de gasten hawwe harren caravan al te keap te stean, oaren wolle fan de gemeente in fergoeding hawwe.

Rinze Visser oer de plannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)