Sykaksje nei fermist famke by It Amelân giet tiisdei fierder

13 jul 2020 - 22:19

De sykaksje nei it fermiste Dútske famke yn de Noardsee boppe It Amelân is moandeitejûn staakt. Tiisdeitemoarn wurdt by deiljocht fierder socht, meldt de plysje.

Foto: Kappers Media

It famke kaam sneontejûn yn de problemen, wylst se yn see mei har heit en suske nei de sinne-ûndergong seach. Sûnt dy tiid wurdt der mei man en macht nei har socht, oant no ta sûnder resultaat.

By de aksje krigen de rêdingstsjinsten help fan likernôch tweintich garnalekotters, dy't yn liny systematysk op see sochten. Dat wie fanwegen de dining dreech. Ek de marine socht mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)