Brandaris krige hûndert jier lyn gloeilampe: "Als eerste in Nederland"

13 jul 2020 - 20:29

It is moandei eksakt hûndert jier lyn dat de bekendste fjoertoer fan Nederlân, de Brandaris op Skylge, in gloeilampe krige. De fjoertoer op it Waddeneilân wie dêrmei de earste fan Nederlân mei in gloeilampe. "Ik werd er laatst op geattendeerd door de kleinzoon van de man die de lamp mede-ontwikkeld heeft", seit fjoertoerwachter, oft ferkearslieder sa't se tsjintwurdich offisjeel hjitte, Peter van Suijlekom.

De Brandaris - Foto: ANP

De lampe, dy't tapaslik de Brandaris-lampe hjit, waard yn 1920 mei-ûntwikkele troch Phillips. Yn 1879 slagge Thomas Edison der lykwols al yn om foar it earst yn it iepenbier in gloeilampe te ûntstekken. It duorre dus noch in hiel skoft foardat dat op in Nederlânske fjoertoer brûkt wurde koe. Dat wie lykwols net ûngewoan, neffens Van Suijlekom: "Ik geloof dat in 1857 in Engeland al iets van een booglicht was. Dat was gewoon een overspringende vonk. Maar pas in 1907 hebben ze dat in Nederland geïntroduceerd, ook op de Brandaris. Dat gaf toch niet dat mooie effect wat je met een gloeilamp kon bereiken."

Tsjintwurdich sit der gjin gloeilampe mear yn de Brandaris. "Er zit nu een gas-ontladingslamp in. Die wordt ook wel gebruikt op sportvelden om het veld te verlichten. Alleen de kracht bij ons is dat er een geslepen fresnellens inzit. Die versterkt het licht, zodat je hem op zestig kilometer afstand ook nog gewoon kunt zien als het helder is", seit Van Suijlekom.

Hat in fjoertoer noch nut?

Elke boat hat hjoed-de-dei in navigaasjesysteem wêrmei't se presys sjen kinne wêr't se binne. In fjoertoer liket dan oerboadich, mar neffens Van Suijlekom is dat net it gefal. "De vuurtoren is wel degelijk nog wel belangrijk. Toen ik tijdens de eerste Golfoorlog op zee zat gooiden de Amerikanen met opzet een fout in het gps-systeem. In plaats van de positie waar ik werkelijk was, zestig kilometer ten noorden van Terschelling, voeren wij volgens de GPS ergens bij Leeuwarden over het land heen", seit Van Suijlekom.

"Dan moet je toch weer ouderwets met je kaartje, je papiertje en je liniaal een punt zien te zetten in de kaart waar je daadwerkelijk bent. Dan is de vuurtoren een heel makkelijk object om te bepalen waar je bent", sa seit de fjoertoerwachter.

Fjoertoerwachter Peter van Suijlekom oer de gloeilampe yn de Brandaris

Trefwurden: 
Skylge Brandaris gloeilampe
(Advertinsje)
(Advertinsje)