Loftballonnen meie wer omheech en dogge dat foar it earst CO2-neutraal

Ballonfarders meie de loft wer yn mei passazjiers. De brânsj krige lang gjin tastimming om te faren yn ferbân mei de coronamaatregels, mar fan moandei ôf mei it wer. Op De Jouwer sette se útein mei in primeur: dêr gean de earste CO2-neutrale ballonnen fan it lân de loft yn.
In loftballon © ANP
De hjitteloftballons fan it Noordelijk Ballonvaart Centrum op De Jouwer binne dêr tige wiis mei. "We zijn natuurlijk heel blij dat we eindelijk weer met passagiers de lucht in mogen", seit Pieter Kooistra, eigener fan it Noordelijk Ballonvaart Centrum. "Wat ons betreft heeft dat veel te lang geduurd. Maar nu is het tijd om vooruit te kijken. Wij verheugen ons erop om onze gasten weer een onvergetelijke ervaring te bieden."
It bedriuw hat ek in primeur. De ballonnen binne fan no ôf hielendal CO2-neutraal. "We varen met volledig CO2 gecompenseerd propaangas uit onze eigen vulinstallatie in Joure. Daarmee is een ballonvaart met het Noordelijk Ballonvaart Centrum niet meer belastend voor het milieu."