Al mear as 700 euro ynsammele foar nij hûntsje foar Berdien

Der is al mear as 700 euro ynsammele foar in nij hûntsje foar Berdien Bies. De 34-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean kaam folop yn it nijs. Har hûntsje Foxy waard deabiten, troch in oare hûn. It hiele drama spile him foar har eagen ôf.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Berdien Bies krige in soad reaksjes op útstjoering op radio en telefyzje en der waard folop donearre. Der wiene sels minsken dy't harren eigen hûn oanbean ha. Takom wike sil Berdien by in nestke chihuahua's sjen. Se wol it leafst wer in jonge hûn ha, want Berdien is swier handicapt en sa kin se de hûn fan jongs of oan goed leare om mei har om te gean.
As alles goed giet, moat se oer goed twa moannen wer in nije hûn ha.