Kolleezje Noardeast-Fryslân wol fergunning dongfergister Marrum ynlûke

13 jul 2020 - 15:29

Krekt as Doarpsbelang Marrum en de Stichting Duurzaam Marrum, wol ek it gemeentebestjoer fan Noardeast-Fryslân dat de fergunning foar in dongfergêster yn Marrum ynlutsen wurdt. Dat skriuwt it kolleezje yn in brief oan Deputearre Steaten. Ek de gemeenteried stiet dêr efter.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Oan de Botniawei soe de dongfergêster komme, mar fan de besteande fergunning is al jierren gjin gebrûk makke. Boppedat is der oan de oare kant fan Marrum al in oare biofergêster yn wurking.

Trefwurden: 
dong dongfergister Marum
(Advertinsje)
(Advertinsje)