Heakkekrusen krast yn Wytmarsum: "Werom dogge se soks?"

13 jul 2020 - 14:19

"Werom dogge se soks?" Klaas Haitsma stekt de hannen út wanhoop yn de loft. De foarsitter fan de jeu de boulesferiening fan Wytmarsum sjocht nei in krekt nije tafel op it terrein. Op de tafel de spoaren fan útdrukte sigaretten, mar folle slimmer noch: ynkraste heakkekrusen.

"Sneintemiddei wie it raak. Doe binne se hjir trapearre. De waskfrou kaam lâns en se naaiden fuort út." Haitsma wiist op it stek om de baan hinne. "Dêr binne se oerhinne flein en fuort wienen se." Wat de groep achterliet, wie ien grutte binde. Oeral leinen peuken, lege blikken bier en enerzjydrank.

It gedoch op de baan lit in minne smaak achter by Haitsma: "We hienen hjir in moai toernooi sneon. We hienen oeral rekken mei hâlden, mei corona en sa. De tafel dy't se no bekrast ha, hiene we ek krekt oanskaft en waard hast foar it earst brûkt. En dan no dit, wêrom?"

It is neffens Haitsma net it iennichste plak yn it doarp dêr't hingjongeren foar problemen soargje. "Earder ek al by de skoalle. Dêr steane nije boarterstastellen. Ik ha se dêr ek alris fuortstjoerd."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Neffens Haitsma is it net sa dat der neat te dwaan is yn it doarp. "We ha hjir in pracht fan in swimbad, se kinne der sa hinne. Dit is gewoan balstjurrigens. It is oanjûn by de plysje. Ik hoopje dat harren âlden dit hearre en de bern der op oansprekke. Se meie my ek belje en ekskuzen oanbiede. Dan kinne we it deroer ha en kinne se de tafel betelje."

De jeugd hat neffens Haitsma gjin idee wat se de leden oandogge. Guon binne frijwilliger by it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân en oaren ha de oarloch frij heftich meimakke. Dêrom biedt hy jongeren dy't har frijwillich melde fergees in besite oan it Kazemattenmuseum oan.

Klaas Haitsma, foarsitter fan de jeu de boulesferiening Wytmarsum

(Advertinsje)
(Advertinsje)