"Mensen beginnen tegen de stroom in te zwemmen, maar dat ga je niet redden"

13 jul 2020 - 13:46

By sterke streaming fan it seewetter kinne je samar yn 'e problemen komme, ek al steane je mar oant de middel yn it wetter. Dat seit de eardere KNRM-köordinator fan de lifeguards, Jan Verbiest. De sterke streaming is in 14-jierrich Dútsk famke sneontejûn, yn it Noardseewetter by Buren, nei alle gedachten fataal wurden.

Boaten sykje nei it fermiste famke - Foto: De Vries Media

Hoe gefaarlik it swimmen yn see is, is foaral ôfhinklik fan it waar, seit Verbiest. "Er is best veel gevaar, maar er is nooit een dag gelijk. Het is zo afhankelijk van de weersomstandigheden."

"De zaterdag dat dit vreselijke ongeluk is gebeurd, heeft het hard gewaaid en er was een flinke branding", seit Verbiest. "Als je dat met aanlandige wind hebt, krijg je zo gauw als de golven het strand raken een onderstroom terug naar de zee. De ene dag is die nihil, de andere dag heel sterk." In tal betûfte swimmers kaam dyselde dei ek al yn 'e problemen.

Net tsjinspartelje

By swierrichheden is it saak om net tsjin de streaming yn te gean, fertelt Verbiest. "Als je door de stroming wordt meegenomen in een mui, een ruimte tussen twee zandbanken, en daarmee richting de zee wordt getrokken, dan moet je niet tegenspartelen. Tot je buiten die stroming komt en dan kan je met een bocht terug naar het strand. Heel veel mensen beginnen tegen de stroom in te zwemmen, maar dat ga je niet redden."

Jan Verbiest, eardere KNRM-köordinator fan de lifeguards

Help fan garnalefiskers

De syktocht nei it 14-jierrige Dútske famke is noch hieltyd oan de gong. It famke kaam sneontejun yn problemen, doet se mei har jongere suske en har heit nei de sinne-ûndergong stie te sjen yn it wetter. Sûnt dy tiid wurdt der folop socht, no ek mei fjirtjin boaten fan garnalefiskers dy't neist elkoar by de kust del farre. Se ha dêrby ek de netten út.

De garnalefiskers ha by it sykjen in protte lêst fan de dining op it wetter. "Dus dy boat giet aardich op en del, en dan wurdt it eins te riskant om ticht by de kust te sykjen. En dêr is de grutste kâns om it famke te finen", fertelt ferslachjouwer Willem Vermeltfoort dy't by de sykaksje op It Amelân is. De garnalekotters farre troch de hegere weagen no fierder fan de kust ôf.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort leit út hoe't de garnalefiskers te wurk geane

Toeristen

Nettsjinsteande de syktocht sitte der in soad toeristen gewoan op it strân fan It Amelân. "Het is schrikken. Heel confronterend, want het komt heel dichtbij. Ik heb zelf ook kinderen die hier de zee in gaan. Je kan dan alleen maar denken aan die ouders en hoe afschuwelijk het moet zijn om je kind kwijt te zijn", seit ien fan de toeristen.

In oare toerist doart troch de fermissing eins net mear te fier de see yn. "Ik ga niet heel prettig de zee in. Ik durf niet te ver de zee in, voor het geval ik toch iets tegenkom", seit sy.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort prate mei toeristen op it eilân

(Advertinsje)
(Advertinsje)