FDF stelt ultimatum, mar minister Schouten giet der net op yn

13 jul 2020 - 16:24

De feefoermaatregel moat 21 july definityf fan tafel wêze, dat ultimatum stelt Farmers Defence Force minister Carola Schouten fan Lânbou. Oant de dei fan it ultimatum sil der net aksjefierd wurde. De minister hat al witte litten dat se it ultimatum fan FDF neist har delleit.

Boeren protestearje op It Hearrenfean - Foto: René Wiegmink / ProNews

De boeren binne it net iens mei de maatregel fan minister Schouten om foer dat foar in protte stikstofútstjit soarget te ferbieden. De ôfrûne tiid giene boeren geregeld de dyk op om te protestearjen tsjin de regel.

"FDF biedt minister Schouten de mogelijkheid om voor 21 juli met ons om tafel te gaan en een werkbare oplossing te bedenken die op draagvlak binnen de sector kan rekenen," skriuwt it bestjoer fan Farmers Defence Force. "Mocht het ultimatum verlopen, dan gaan wij opnieuw optoeren."

De minister wiist derop dat de maatregel stipe krijt fan de Twadde Keamer. Se freget noch wol ektra advys oer de foermaatregel en dat wol se earst ôfwachtsje.

Reaksje Farmers Defence Force

Farmers Defence Force is der fansels net bliid mei dat minister Schouten it ultimatum neist har delleit. "Dat is it tsjinoerstelde fan wat se hieltyd sein hat: dat we mei inoar yn petear moatte om ta in oplossing te kommen. Dizze minister lit in oare kant fan harsels sjen", seit wurdfierder Sieta van Keimpema.

Sieta van Keimpema fan Famers Defence Force oer de reaksje fan minister Schouten

(Advertinsje)
(Advertinsje)