Ynwenner spant rjochtsaak oan tsjin Waadhoeke oer Fryske plaknammen

13 jul 2020 - 12:45

De rjochter moat bepale oft plaknammen yn de fúzjegemeente Waadhoeke offisjeel yn it Frysk brûkt wurde meie of net. In ynwenner hat in saak oanspand. De rjochtsaak tsjinnet tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert.

Skeel oer plaknammen Waadhoeke

Jehannes Elzinga fan Frjentsjer spant de saak oan. Hy fynt it ûnearlik dat ynwenners fan de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel wol Fryske nammen brûke meie en hy as ynwenner fan âld-Frjentsjerteradiel net. Yn Waadhoeke wurde plaknammen yn it Frysk, Biltsk, Hollânsk trochinoar hinne brûkt.

"Ik haw al ferskillende kearen de gemeente Waadhoeke fersocht om oer te gean ta harmonisaasje, mar se wolle it net", seit Elzinga. It giet him net allinnich om de plaknammebuorden. As de nammen net offisjeel fêstlein wurde yn de basisadministraasje, kin dat ta problemen liede by de rjochtbank, de belestingtsjinst of by oare oerheidsorganen.

Elzinga fynt dat syn rjochten skeind wurde. Hy striidt al langer foar it Frysk yn de gemeente Waadhoeke. "As it net fêstlein wurdt, kin it ek samar wer ôfskaft wurde", mient er. "It Frysk is gjin aardichheidsje fan 'och, we sette ek even de Fryske namme op it boerd'." Elzinga tinkt dat er de rjochtsaak wol winne kin.

Ynwenner Jehannes Elzinga hat in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente Waadhoeke

De rjochtsaak is tiisdei fan 10.30 oere ôf fia in livestream by Omrop Fryslân te folgjen, op de webside en yn de app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)