La Place slút 23 fêstigingen, mar filiaal yn Ljouwert giet wer iepen

13 jul 2020 - 11:41

De restaurantketen La Place, earder ûnderdiel fan V&D, slút 23 fêstigingen yn Nederlân. De lokaasje oan it Ljouwerter Saailân is no noch ticht, mar giet letter wol wer iepen. In wurdfierder fan Jumbo, de eigener fan La Place, leit in ferbân mei de corona-útbraak en dêrtroch de ûnwissichheid oer de takomst.

La Place slút 23 fêstigingen, mar filiaal yn Ljouwert giet wer iepen

It bedriuw is dwaande mei in nije formule foar La Place. Op basis fan de nije útgongspunten iepenet Jumbo stap foar stap in diel fan de fêstigingen op 'e nij. Nei de corona-útbraak yn maart binne de measte lokaasjes, wêrûnder dy yn Ljouwert, noch altyd ticht. De filialen dy't bliuwe, moatte yn septimber allegear wer iepen wêze.

Foar goed in kwart fan alle 80 lokaasjes jildt lykwols dat der net genôch takomstperspektyf is, seit Jumbo, omdat se net rendabel binne. Op de list mei de lokaasjes dy't tichtgeane, wurdt Ljouwert net neamd en ek Grins net. De fêstiging yn Emmen giet wol ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)