Soad skippers net bliid mei ferromming maatregels foar deitochtjes

13 jul 2020 - 10:57

De ferromming fan de coronamaatregels foar skûtsjes en oare histoaryske sylskippen wurdt troch in soad skippers net mei blydskip ûntfongen. Neffens wurdfierder Eelke Dijkstra fan De Hollandsche Zeilvloot, dy't al wiken aksjefiert om it farren mei de brune float feilich te stellen, kin it grutste part fan de skippen noch net los.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De sylskippen meie wer mei folle besetting deitochtjes meitsje. It silen op dizze skippen wurdt sjoen as sport, en dêrom hoecht der oan board gjin oardel meter ôfstân mear holden te wurden. Mar der binne noch wol beheiningen, sa moatte minsken yn 'e roef wol in mûlkapke op.

"Foar de deitochtskippen is it prachtich, dy kinne 100 prosint los. Mar dat is ûngefear 5 prosint fan ús brânsj", seit Eelke Dijkstra. De oare 95 prosint fersoarget neffens him tochten foar meardere dagen en minsken sliepe dan ek oan board. "En dêr is noch gjin oplossing foar", seit Dijkstra.

"Dan moatte minsken dochs yn in hut sliepe, mei syn twaen, dêr't de oardel meter net skieden wurde kin troch inoar. En ek yn it deiferbliuw, dêr't se ite, jildt de oardel meter noch. Dan kinst ûngefear in tredde fan de minsken meinimme en dat is lang net rendabel."

Underhannelingen gean troch

De skippers fan de brune float ha yn juny aksjefierd om harren soargen en problemen kenber te meitsjen. Mei mear as 150 skippen leinen se foar Pampus, in forteilân by Amsterdam. Dêr rinne noch altyd ûnderhannelingen fan, fertelt Dijkstra. "We ha der hiel goede kontakten mei opdien yn Den Haag en der is dúdlik wurden wa't wy binne en wat ús problematyk is. Dêr wurdt noch hiel hurd oan wurke, dus we hâlde dêr de maksimale druk op om it dochs foarelkoar te krijen om los te kinnen."

Wurdfierder Eelke Dijkstra fan De Hollandsche Zeilvloot

(Advertinsje)
(Advertinsje)