Simmerblog: Simmer yn Marsum

13 jul 2020 - 16:55

Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer?

Hjoed binne we de hiele dei yn Marsum. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer yn Marsum
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Tiisdei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Eagmaryp en Terkaple. Oant moarn!

17:45
't Grauwe Paard

It âldste kafee fan Fryslân, 't Grauwe Paard, stiet yn Marsum. Se binne de coronakrisis goed trochkaam, fertelt eigener Klaas Kuperus. "Ik sit hjir no wat langer, dus de kosten binne foar my wat leger as minsken dy't krekt begjinne." Troch ek catering te dwaan wit hy it kafee oerein te hâlden. "Us omset helje wy dêr no gruttendiels út. It ferieningslibben wurdt minder en it doarp ferâldert, op in geven momint moatte je oare dingen probearje."

Op sinnige dagen as moandei is it altyd gesellich yn it kafee. Al hielendal at Piter Wilkens oan it sjongen is.

Ferslachjouwer Miranda Werkman by 't Grauwe Paard

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
17:03
Marsum keatsdoarp

Marsum is in echt keatsdoarp. Mei KV Foarút hat it doarp in 120 jier âlde keatsklup, en ek de ferneamde keatsfamylje Van Wieren komme út it doarp.

De lêste jierren giet it wat minder, fertelt Coby van Wieren. "Jeugd ha wy genôch, mar bestjoerlik is it wol lestich. Wy bliuwe posityf mar ik ha wol wat soargen foar de takomst."

Ferslachjouwer Miranda Werkman op it keatsfjild yn Marsum

15:36
Hynsteride mei wer

By Stal Lunia waarden yn coronatiid twa follen berne. Troch alle maatregels koe gjinien derby wêze, "Dat hebben ze net gemist, maar we zijn gaan vloggen. Zo konden ze toch meekijken," seit Berber van der Meer.

Yntusken binne de lessen by Lunia wer fan start gien. Eliz, Flora en Frederique binne dêr hiel wiis mei, fertelle se.

Ferslachjouwer Miranda Werkman by Stal Lunia

14:10
Sinneskynwaar

It is sinneskynwaar yn Marsum! De iisferkeap rint dan ek goed...

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
14:07
It Paad Werom

Ien fan de bekendste nûmers fan sjonger Piter Wilkens, It Paad Werom, giet oer syn wenplak Marsum. It waard betocht foar de âldjiersoertinking fan it doarp yn 1999. "Doe fregen se my oft ik dêr in liet oer meitsje woe." Mei Marsumer band Van Wieren, it korps en it koar waard it nûmer âldjiersjûn 1999 opfierd. "It wie foar dy iene kear bedoeld, mar wy fûnen it spitich dat mar ien kear te brûken," fertelt Wilkens. It nûmer kaam op de plaat Nocht&Wilkens en waard brûkt yn Simmer2000.

Piter Wilkens oer It Paad Werom

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
13:47
JSF

Je kinne it net oer Marsum ha sûnder oer de F-35 (oftewol de JSF) te praten. It doarp is al jierren yn striid oer de lûdsoerlêst yn it doarp, fertelt Geert Verf fan it doarpsbelang.

De JSF yn Marsum

11:28
Fan Amsterdam nei Marsum

Gerrit en Gerda ferhuzen goed in jier ferlyn fan Amsterdam nei Marsum. In goeie set, seit Gerda. "Ze zeggen allemaal dat ik veel vrolijker en vrijer ben geworden." Se fynt Marsum in moai doarp. "Het is schoon, het is mooi onderhouden en iedereen is vriendelijk."

Ferslachjouwer Miranda Werkman praat mei Gerda en Gerrit

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
10:54
De Bôlekoer

Omdat Marsum gjin winkel mear hie, kaam it doarpsbelang mei in idee: sy bouden in lytse sjalet op it terrein fan it túnsintrum yn it doarp en setten útein mei in eigen bakkerij. Doe't ek de slachter en grienteman út it doarp ferdwûnen, waard it in lytse supermerk. "It is lyts mar je kinne der in hiel soad krije," fertelt eksploitant Jacob Jacobi. De Bôlekoer hat ek in sosjale funksje yn it doarp. "It is net allinnich de winkel, it is foar it hiele doarp belangryk dat se kontakt hâlde."

Ferslachjouwer Miranda Werkman by De Bôlekoer

10:28
It wetter op

"Marsum wie altyd ôfsletten fan it iepen wetter," fertelt Willem van Wieren. Dêrom waard in pear jier ferlyn besletten in haven oan te lizzen by it doarp.

De Marsumers binne der dúdlik bliid mei, want der is al in wachtlist foar lisplakken. "It is geweldich, ideaal!" seit ien fan der Marsumers dy't in boatsje yn 'e haven hat. Neidiel is wol dat de haven gjin húske hat.. "Mar it wetter is grut genôch, der kin wol wat by," laket er.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn de haven fan Marsum

De haven fan Marsum - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
10:00
It Poptaslot

De fouden fan it slot meie it slot brûke foar bygelyks feestjes. "Dêrom neame wy it leaver net in museum, want alles wat hjir stiet oan meubilêr en servysguod wurdt gewoan brûkt." Ien fan de fâden is Ljouwerter boargemaster Sybrand van Haersma-Buma. Ek syn heit wie fâd fan it slot.

It Poptaslot is yn goeie steat, en der binne sels noch bedsteden út 1540, de âldsten fan Nederlân. "Ik ha se noch noait probearre mar se lykje my net hiel komfortabel," laket Prins.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it Poptaslot

9:45
"In hiel moai Frysk doarp!"

"In hiel moai Frysk doarp," sa omskriuwt Bert Prins syn wenplak Marsum. "Fan oarsprong is it echt in arbeidersdoarp, mei in pear deftige minsken."

Prins is slotwarder (behearder) fan it Poptaslot. "Earder neamden se dat in kastlein, mar dêr siet wat in dranklucht oan dus doe ha se dy namme feroare."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar rint troch Marsum

9:30
Wolkom yn Marsum!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed yn Marsum. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Miranda Werkman dogge de hiele dei ferslach.

Freed wie Simmer yn Fryslân op Skiermûntseach. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)