Rodion Cămătaru: "Heerenveen zit nog altijd in mijn hart"

13 jul 2020 - 08:51

Yn 1990 komt ien fan de grutste spitsen fan Europa nei SC Hearrenfean: Rodion Camataru. Okee, hy is dan 32 jier. En okee, hy is dan miskien al wat te swier. Dochs wurdt Camataru ûnfoarstelber populêr op It Hearrenfean troch syn wize fan fuotbaljen en syn karakter. De fans drage him op hannen. "Heerenveen zit nog altijd in mijn hart."

Ynternetrepo Rodion Cămătaru oer 100 jier SC Hearrenfean

It is heal juny as we kontakt besykje te krijen mei Camataru fia in tuskenpersoan. "Jullie willen Cammy spreken? Oh, dan komt ie toch even naar Nederland. Geen probleem, hoor." Wat ferbaasd lizze we de telefoan wer del, mar it liket serieus. Ek as we Camataru sels oan de lijn krije. It Ingelsk is wat dreech en in echt goed petear fiere slagget amper, mar hy wol graach nei It Hearrenfean komme. Corona smyt lykwols roet yn it iten. Mar it jout mar oan hoe't de Roemeen noch begien is mei Hearrenfean.

It jout ek oan dat it goed giet mei Camataru. Hy is in fierd sakeman yn Roemenië. Sa hat hy yn syn berteplak Craiova meardere restaurants en gruthannels. Mar ek in supermerk mei de namme Heerenveen.

Foto: Omrop Fryslân

As we Cammy (ek yn Roemenië wurdt hy sa neamd) sprekke fia FaceTime, spat it entûsjasme der fan ôf. De no 62-jierrige Camataru bliuwt entûsjast oer de klup. "Als ik in Heerenveen ben, spreken veel mensen me aan. Dan willen ze van alles van me weten, willen ze me helpen of me wat aanbieden."

De komst fan in topspits út Roemenië

Camataru komt yn 1990 nei Hearrenfean. Hy is yn Roemenië in grutte spits. Hy wurdt kampioen mei Universitatea Craiova, ynternasjonal en wurdt Europeesk topskoarder mei 44 goals. Hy spilet dêrnei noch by Dinamo Boekarest en by Charleroi yn België as it krekt promovearre Hearrenfean him meldt. "Ik wist niks van Heerenveen. Dat het een klein dorp was en dat ze net gepromoveerd waren."

Mar hy kin him noch wol in soad heuge. Sa komt der in rige oan âld-spilers foarby. "Joop Gall, die kleine op het middenveld, Maarten de Jong en Richard Goulooze. Maar ook de beste speler van Nederland René van der Gijp. En Mario Been, hahaha. We hadden echt goede spelers."

Fideo Rodion Cămătaru Goals

Hearrenfean einiget yn 1990 as 17e en degradearret nei ien seizoen al wer nei de earste difyzje. Nei twa jier promovearret Hearrenfean wer fia de neikompetysje. Ek mei tank oan Camataru, al spile hy lang net altyd. Hy spilet foaral as pinch-hitter, as ynfaller. Sadwaande skoart hy yn trije jier dochs 23 kear yn 63 wedstriden.

Foto: Omrop Fryslân

Mar in soad fans sille him dochs kenne fan syn goal tsjin Ajax yn de bekerfinale yn 1993. Hearrenfean hellet as earste klup út de earste difyzje de bekerfinale. Der gean hûnderten bussen nei De Kuip en dy sjogge hoe't Camataru skoart. Al is it de 6-2, it stadion ûntploft. "Die wedstrijd was heel bijzonder, omdat we speelden tegen het grote Ajax. Het Ajax dat daarna de Champions League won. En daar mocht ik tegen scoren."

Yn de Hearrenfeanwike sjogge we alle dagen werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Hearrenfean bestiet moandei 20 july 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes.

Elke moarn yn Fryslân fan 'e Moarn sjocht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis, ha we fragminten fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslân makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. As harker kinst dan it jubileumboek fan SC Hearrenfean winne.

Alles oer Hearrenfean en harren 100-jierrich bestean kinst weromfine op us spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)