Kollum: "In trekker foar heit"

13 jul 2020 - 08:26

Doe't wy fjouwer jier lyn de advertinsje fan ús lytse pleatske sjen lieten oan myn âlden, hie myn heit direkt in twinkeling yn syn eagen. "Dan moat der ek mar in trekker komme, of net?", sei er daliks.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

Myn heit is in boeresoan. Yn murch en bonken. En hoewol't de buorkerij der al lang net mear is en hy sels in hiel oar berop keazen hat, is hy altyd boeresoan bleaun. Myn heit is sa'n man dy't ûnder syn deistige fytstochtsje in skiep út 'e sleat hellet, in praatsje makket mei in boer oer it grûnwetterpeil of even ôfstapt om te sjen hoe't in boer syn lân ûnder wetter set fanwege de mûzepleach.

Doe't heit en mem foar de ferhuzing noch ien kear by ús yn Amsterdam op besite kamen, frege heit it wer: "Ha jim al in trekker útsocht?" En mei dat hy it frege, helle er in trekkermagazine út 'e tas. Fol mei blinkende griene John Deeres. Eins hie hy der al ien útsocht. No ha ik in freon dy't fan alles wat tsjillen hat hâldt, dus hy woe der wol ien ha. Mar ik tocht: earst mar even ferhúzje en dan sjogge we wol fierder. Boppedat, wat moatte wy mei in trekker?

Doe't we krekt in dei ferhuze wiene en ik neist myn heit oer ús lân hinne stie te sjen, seach ik ynienen wêrom't in trekker toch wol handich wie. Man o man, wat in stik lân! Dat waard mei de gersmeaner wol in dreech putsje. Heit koe myn gedachten lêze en sei fansels wer, stelliger dit kear: "Der moat gau in trekker komme."

It kompromis fûnen myn freon en ik yn in sitmeaner. En hoewol't it by lange nei gjin trekker wie, wie myn heit as in bern sa bliid. "Ik fiel my krekt Forrest Gump", sei er. "Ferstân op nul en rûntsjes ride." Doe't ik dat hearde wie ik oertsjûge; dy man moat gau in trekker!

It hat noch in jier duorre foardat er der kaam. Op in moarn belle myn freon oft myn heit ek mei him om in trekker sjen woe. Hy hie it amper frege, of hy siet al yn 'e auto. It trekker keapjen wie in tafriel op himsels. Myn heit fuortendaliks achter it stjoer en it gas derop. "Dit wurdt him", hearden wy noch krekt, wylst er de hoeke om jage. Myn freon seach de mooglikheid om ôf te tingjen, ferdwine as snie foar de sinne. Mar sa dan mar, it wie klear. Wy, of leaver sein ús heit, hiene in trekker.

By ús op it hiem liket it hjoed-de-dei wol in in lânboumeganisaasjebedriuw. De 'Same Minitauro' is útwreide mei in graafmasine, in cyclomeaner, in grûnbak en in ploech. En om de pear dagen komt der in appke: "Stiet it gers al heech genôch?"

Der kin noch krekt in 'hoi' fan ôf as er komt. Sa út 'e auto wei de trekker op. En it giet need. Hy fljocht de tún op en del. Ik tink alle kearen: as hy de jonge fruitbeamkes mar net om fier meant of in stientsje troch de kas hinne jaget. Nei it meanen, sjoch ik dan even stikem by myn beamkes. En it is wier, net by ien beamke, mar by allegearre: der krekt by del! Sa sekuer!

No't we op fakânsje binne, passe heit en mem op it hûs. Myn freon en ik grapkje wolris: aansten komme we thús en steane der in pear kij, sit heit yn de skuorre te melken en wolle se hjir nea wer wei."

(advertinsje)
(advertinsje)