Omrop TIP: Omrop Fryslân hat wike lang omtinken foar SC Hearrenfean

13 jul 2020 - 08:08

SC Hearrenfean stiet fan moandei 13 july ôf in wike lang yn de spotlight by Omrop Fryslân. De klup bestiet 100 jier en dêr is rom omtinken foar mei ûnder oare in podcastrige, reportaazjes fan bysûndere mominten, de dokumintêre oer Riemer van der Velde en alle dagen kâns op it jubileumboek.

Foto: Omrop Fryslân

Alle dagen stiet in oar spraakmeitsjend momint út it ferline fan SC Hearrenfean sintraal. De goal fan Valeri Popovitsj dy't de klup in ticket nei de Champions League besoarge, de sân goals fan Afonso Alves en de earste promoasje nei de earedifyzje yn 1990.

De nostalgyske reportaazjes binne alle dagen te hearren en te sjen yn Weistra op Wei, Fryslân Hjoed en online.

Podcastrige

Yn de oanrin nei de jubileumwike komt der alle wiken in nije podcast online oer in ikoanyske wedstriid út it ferline. Alle podcasts binne te finen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Fan 13 july ôf is ek alle dagen it jubileumboek 100 jaar vv & sc Heerenveen te winnen by Omrop Fryslân. Harkje dêrfoar nei 92.2FM en meitsje kâns.

Fryslân DOK oer Riemer van der Velde

Snein 19 july wurdt de dokumintêre Ofskied fan in machtich man oer âld-klupfoarsitter Riemer van der Velde werhelle. De dokumintêre is om 17.00 oere te sjen en dêrnei alle oeren. Nei de dokumintêre is in registraasje te sjen fan it spektakelstik Abe! oer fuotballeginde Abe Lenstra.

Alle items en mear ynformaasje binne te finen op Omropfryslan.nl/schearrenfean100jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)