Fytsersbûn siket senioaren om trochtraaprûten te testen

13 jul 2020 - 07:14

It Fytsersbûn is op syk nei âldere fytsers dy't nije saneamde trochtraaprûten teste wolle. Se moatte sjen oft der bygelyks net te folle hindernissen yn sitte, oft der romte genôch is en oft it net te drok mei auto's is.

Fytsersbûn siket senioaren om trochtraaprûten te testen

It Fytsersbûn hat de opdracht krigen fan de provinsje en alle achttjin Fryske gemeenten. Dat is yn it ramt fan it lanlike projekt Doortrappen fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om âlderen mear en feilich op de fyts te krijen. Mar elkenien kin se fytse.

Der binne trochtraaprûten om te testen yn Berltsum (2), Damwâld, Dokkum, Drachten (2), Frjentsjer, De Jouwer, It Hearrenfean (2), Ljouwert (2), Easterwâlde, Snits (2) en yn Oerterp. De trochtraaprûten binne rûntsjes fan 20 oant 25 kilometer lang en faak grien, mei romme paden, net in soad obstakels as akwadukten of bulten en mei relatyf feilige krusingen.

De rûten lizze op it stuit yn alve gemeenten yn Fryslân, dêr't se no test wurde kinne, en dêrnei komme se ek yn de oare sân Fryske gemeenten. Alderen dy't se teste wolle, kinne har opjaan by it Fytsersbûn.

Ferslachjouwer Ronnie Porte trof Jetty de Vries fan it Fytsersbûn op in fytspaad by Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)