Syktocht nei fermist famke (14) by It Amelân giet troch, garnalefiskers sykje op see

13 jul 2020 - 06:43

De syktocht nei in 14-jierrich Dútsk famke dat fermist wurdt yn de Noardsee boppe It Amelân is by deiljocht wer úteinset. De plysje siket fierder op it strân fan It Amelân en krijt op see help fan sa'n tweintich garnalekotters.

Foto: De Vries Media

It famke kaam sneontejûn yn de problemen, wylst se yn see mei har heit en suske nei de sinne-ûndergong seach. Sûnt dy tiid wurdt der mei man en macht nei har socht, oant no ta sûnder resultaat. Snein waard de hiele dei op see socht mei sonarapparatuur en út de loft wei mei in helikopter en fleantúch fan de kustwacht.

De sykaksje hat yntusken in oar karakter krigen, helptsjinsten ha de hoop opjûn dat it famke noch libjend oantroffen wurdt.

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan de gemeente Amelân oer de syktocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)