Partoer Van der Bos wint frije formaasje yn Boalsert

12 jul 2020 - 17:28

De frijeformaasjepartij yn Boalsert is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy wiene yn de finale mei 5-1 6-2 te sterk foar it partoer fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Van der Bos waard yn Boalsert keazen ta kening.

Teake Triemstra nei ôfrin fan de partij:

Taeke Triemstra

It partoer fan Van der Bos berikte de finale op it nipperke mei in 5-5 6-6 oerwinning op it partoer fan Marten Bergsma. Mei alles oan 'e hang sloech Dylan Drent de bal bûten.

Kingma-en-dy hiene it yn de heale finale makliker. It partoer fan Auke Boomsma wie mei 5-1 6-4 in ienfâldige proai foar it partoer fan Kingma.

Enno Kingma nei ôfrin fan de partij:

Enno Kingma

De winners fan de partij yn Moarre-Ljussens op sneon, Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar, kamen net fierder as de earste omloop. Kingma-en-dy wiene yn dy omloop mei 5-4 6-4 krekt better.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen prate nei ôfrin mei Gert-Anne van der Bos

(Advertinsje)
(Advertinsje)