"It is skandalich dat de problemen op 'e wenningmerk net better oanpakt wurde!"

12 jul 2020 - 15:05

"It is skandalich dat de problemen op 'e wenningmerk net better oanpakt wurde!", dat stelt PvdA-riedslid Bartele Boersma fan Harns. "It tal dakleazen is yn tsien jier ferdûbele, jongeren komme kwealik oan in wenning, nije huzen moatte faak al fjouwer ton kostje en boukorporaasjes bouwe allinnich mar minder, dat moat oars!"

Foto: eigen foto

Neffens de jonge politikus wurdt yn Nederlân te folle oan 'e merk oerlitten. "Politisy nimme harren ferantwurdlikheid net!". De oplossing moat neffens de Harnzer socht wurde yn it ôfskaffen fan de ferhierdersheffing foar korporaasjes en it mear ynsette op sosjale wenningbou. "Boppedat moat dat negative imago fan in sosjale hierwenning der ôf. De oerheid moat soargje foar in goed dak boppe de holle, dat is ús plicht."

Neffens Boersma lit Harns sjen hoe't dat kin: "Mingd bouwe foar meardere doelgroepen, dus ek de middenynkommens. Dat bart yn Harns ûnder mear yn plan Súd. Dat kin om't we it wolle en we hjir ek in goeie, lokale wenningkorporaasje ha."

Boersma (27) kaam by Buro de Vries as simmergast oan it wurd oer himsels, syn idealen en de takomst fan Fryslân.

Bartele Boersma yn Buro de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)