Jild foar Wetsus fan trije universiteiten; begrutting foar kommende jierren rûn

12 jul 2020 - 14:43

Wettertechnology-ynstitút Wetsus yn Ljouwert krijt de kommende fjouwer jier in miljoene-ynvestearring fan trije universiteiten. Wageningen Universiteit, Universiteit Twente en Ryksuniversiteit Grins stelle yn totaal trije miljoen euro beskikber. Dêrmei is de begrutting fan Wetsus de kommende pear jier rûn.

Foto: Shutterstock.com (Anton Havelaar)

Njonken it jild fan de universiteiten komme ek it Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, de NWO, de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek, de provinsje en de gemeente Ljouwert mei jild oer de brêge.

Direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus is bliid mei de stipe fan de trije universiteiten. De begrutting fan Wetsus is dêrmei foar de kommende twa jier rûn.

Direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus

(advertinsje)
(advertinsje)