Boatsje sinkt troch hekweach op Prinses Margriet-kanaal

12 jul 2020 - 13:46

Op it Prinses Margriet-kanaal by Warten is sneontemiddei in boatsje sonken. It fletsje mei trije opfarrenden makke wetter troch in grutte hekweach feroarsake troch in speedkruiser. In hekweach ûntstiet troch it draaien fan 'e skroef efter in fluchfarrende boat.

Foto: Toezicht te water

De trije opfarrenden slaggen der, mei help fan omstanners, mar krekt yn om harsels yn feiligens te bringen. Tsjûgen hawwe in beskriuwing jûn fan de speedkruiser, dy't fierder fear yn 'e rjochting fan Delfsyl. Oan de hân dêrfan wurdt ûndersyk dien nei de feroarsaker fan de hekweach.

Rykswettersteat hat it stielen fletsje yntusken burgen yn ferbân mei farfeiligens. De opfarrenden binne der foar safier bekend sûnder kleanskuorren fanôf kaam.

Trefwurden: 
boatsje sonken hekweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)