Rydferbod foar Ljouwerter dykpiraat sûnder rydbewiis

In 30-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden, nei't er opfoel fanwegen syn rydgedrach. Hy bliek net yn it besit fan in rydbewiis en ûnder ynfloed fan alkohol en/of drugs.
© Plysje
De man ried mei flinke faasje troch it sintrum fan Ljouwert en dêrnei oer de Sudergrêftswâl en de Romkesleane. Hy negearre dêrby in stopteken fan de plysje. Nei in achterfolging ried hy himsels klem yn in dearinnende strjitte.
De bestjoerder woe net meiwurkje mei de plysje en wegere út syn auto te stappen. Nei ferskate warskôgings is hy mei iennich geweld út de auto helle. De man fersette him dêr bot by. Hy waard yn 'e hânboeiens slein en oerbrocht nei it plysjeburo.
Dêr die bliken dat de man gjin rydbewiis hie. Hy wie wol ûnder ynfloed fan alkohol en/of drugs. De man wegere mei te wurkjen oan in azemanalyze en bloedproef. De plysje hat in proses-ferbaal opmakke tsjin de man en hy krijt in rydferbod fan 24 oeren.