Fries Landboumuseum siket donateurs om te oerlibjen

It Fries Landbouwmuseum is op syk nei donateurs om syn doarren iepen hâlde te kinnen. Mei yngong fan 1 jannewaris 2021 wurdt de subsydzje foar it museum yn Ljouwert nammentlik stopsetten. It museum ropt minsken dêrom op har oan te sluten by de stichting Vrienden van het Fries Landbouwmuseum.
It Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Tiisdei 30 juny makke de provinsje bekend hoe't it subsydzjejild foar de kultuer yn Fryslân ferdield wurde soe. Yn totaal wie der 30 miljoen euro te ferdielen. It lânboumuseum krige elts jier sa'n 185.000 euro en hie krekt ekstra jild oanfrege foar nije plannen. By de bekendmakking die lykwols bliken dat it Fries Landbouwmuseum achter it net fisket en de kommende jierren gjin jild mear fan de provinsje krijt.

Teloarstellend

It nijs kaam neffens him as in tongerslach út in kleare loft. Noch net sa lang lyn is it museum fan Earnewâld nei Ljouwert ferhûze. Ek in djoer grapke. "Der is troch de provinsje op oantrune dat wy ferhûzje soene. Dus wy hawwe dat kreas dien en wy hiene ek moaie plannen foar de takomst. Dus sa besjoen is it teloarstellend", seit museumdirekteur Henk Dijkstra.
Ynhâldlik krijt it museum in 'foldwaande' yn it rapport fan de kommisje, mar dat moat minimaal 'goed' wêze. Neffens it rapport hat it museum tal fan plannen presintearre, mar moat syn fernijde identiteit noch fierder útwurke wurde. Dêrneist is de kolleksje wol goed ferskaat, mar leit it klam te bot op masines en technyk.

Yn maatskiplik debat minge

It museum soe him neffens it rapport ek mear yn it maatskiplik debat fan no minge moatte. 'De commissie constateert dat het museum zich buiten de huidige discussie lijkt te plaatsen.' It rapport seit wol dat it Fries Landbouwmuseum ûnmisber is. Lês it folsleine rapport hjir.
Om't it Fries Landbouwmuseum de kommende jierren dus gjin jild tawiisd krijt, freget it minsken om harren stipe. Dat kinne sy ûnder oare troch har oan te sluten by de Vrienden van het Fries Landbouwmuseum en jierliks 10 euro te beteljen. Ek kinne minsken in skinking dwaan.