Syktocht nei fermist famke (14) yn Noardsee giet troch oant it tsjuster wurdt

De syktocht nei in 14-jierrich famke dat fermist wurdt yn de Noardsee boppe It Amelân hat noch gjin resultaat oplevere. De helptsjinsten sykje sneintejûn troch oant it tsjuster wurdt, meldt de plysje. As it famke dan noch net fûn is, wurdt de sykaksje moandeitemoarn by deiljocht ferfette.
© De Vries Media
It Kustwachtsintrum krige sneontejûn om 22.30 oere hinne in melding binnen fan swimmers yn de problemen op it strân ten noarden fan Buren op It Amelân. "Het meisje ging met haar zusje kijken naar de zonsondergang vanuit het water en ze zijn daarbij in problemen gekomen. Hun vader probeerde hen toen te helpen", leit boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân út.

Grutte sykaksje

"Toen is meteen opgeschaald naar een grote zoekactie." Der waarden fiif rêdingsboaten fan de KNRM en in SAR-helikopter ynsetten. Ek sochten de plysje, brânwacht en eilânbewenners op it strân mei. Nei in oerenlange syktocht wie it famke lykwols noch hieltyd net fûn.
Om 3.30 oere hinne besleat de Kustwacht de syktocht te staken, om't it heech wetter waard. Stoel: "Om 3.00 uur was de vloed op zijn hoogste stand en de kans dat daarna, wanneer de ebstroom inkomt, nog iemand gevonden wordt, is vrijwel nul." Der waard noch wol mei helikopters op de fêste wâl socht.

Dútske famylje

Neffens de boargemaster giet it om Dútske famylje dy't op fakânsje is op it eilân. Stoel: "Ik heb contact met de moeder. Zij is gisteren goed opgevangen door de politie." De heit en it suske fan it 14-jierrige famke binne net ferwûne rekke. "Ze zijn natuurlijk wel enorm geschrokken."
© De Vries Media
"We leven enorm mee met de familie van het vermiste meisje", seit de boargemaster, dy't in grut part fan de nacht oanwêzich wie op it strân. "De familie verkeert in grote onzekerheid. De beslissing om het zoeken te staken, was voor hen verschrikkelijk."
Boargemaster Stoel spruts syn respekt út foar de helptsjinsten, de rêdingsteams en de eilânbewenners, dy't oerenlang mei skippen, auto's en in helikopter socht hawwe.

Syktocht snein fierder

De syktocht is sneintemoarn om 5.30 oere opnij oppakt. Der wurdt mei meardere plysje-ienheden socht, sawol op it wetter as op it strân, yn de dunen en yn de fierdere omjouwing, meldt de plysje. De stroming fan it wetter is rjochting Skiermûntseach, ek dêr is al in skoft socht.
Under lieding fan de plysje sykje ek ferskate oare helptsjinsten fierder. In fleantúch fan de Kustwacht fleant al de hiele moarn en in part fan de middei oer it wetter om it famke werom te finen. In plysjehelikopter hat dy syktocht no tydlik oernaam.
Dêrneist is in sonarboat fan de plysje ynsetten. Ek is it Dregteam SOAD (Stichting Opsporings Apparatuur Drenkelingen) fan Urk nei It Amelân kaam om te assistearjen by de syktocht.
Neffens Stoel wurdt der no benammen rjochting de eastkant fan It Amelân socht nei it famke, mar in soad hoop is der neffens de boargemaster net mear: "We moeten reëel wezen. Het is gisteravond rond tien uur gebeurd, het was vannacht 10 graden en het water is ook koud. Dus de overlevingskans is laag."
Der soene sneon en snein al meardere meldings binnenkaam wêze fan swimmers dy't yn 'e problemen kamen troch sterke stroming. Dy koene oant no ta allegear holpen wurde.
Boargemaster Leo Pieter Stoel oer de sykaksje