Hilde Wendel út Ljouwert keazen ta foarsitter JOVD

11 jul 2020 - 21:57

Hilde Wendel fan Ljouwert is sneon keazen ta foarsitter fan it haadbestjoer fan de JOVD. Wendel is dêrmei de earste Fryske foarsitter fan de jongereinôfdieling fan de VVD.

Hilde Wendel - Foto: JOVD Friesland

Wendel wie foarsitter en ponghâlder fan de Fryske JOVD-ôfdieling. Dêrnei waard se lanlik vicefoarsitter en bestjoerslid.

Wendel waard mei in grutte mearderheid keazen op de algemiene ledegearkomste. De stimming gie fanwegen de coronamaatregels digitaal.

Trefwurden: 
VVD JOVD Hilde Wendel
(Advertinsje)
(Advertinsje)