Twa minsken ferwûne by iensidich scooter-ûngelok by Oerterp

11 jul 2020 - 20:36

By in scooter-ûngelok yn de tunnel by de Bûtewei by Oerterp binne sneontejûn twa minsken ferwûne rekke. De scooterrider en de byrider kamen hurd te fallen, wêrtroch ynset fan twa ambulânsen nedich wie.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder rekke nei alle gedachten mei syn scooter yn in geul, wêrtroch hy de macht oer it stjoer ferlear. Dêrby waard de sydkant fan de tunnel ramd, wêrnei't se te fallen kamen.

Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is ûndúdlik hoe slim de ferwûningen binne.

Trefwurden: 
ûngelok Oerterp Bûtewei
(Advertinsje)
(Advertinsje)