Kai van Rijswijk dochs net nei ONS Snits, mar nei VV Jobbegea
Fuotballer Kai van Rijswijk is takom seizoen dochs net spiler fan ONS Snits. De oanfaller hie him al ferbûn oan de haadklasser, mar hy wol no dochs leaver útkomme foar VV Jobbegea. Van Rijswijk spile yn it ôfrûne seizoen foar Jong SC Cambuur.
ONS Snits krijt noch wol in fergoeding foar de ûntbining fan de oerienkomst fan Van Rijswijk. De klup leit him no fierder by de situaasje del.
By VV Jobbegea sil Van Rijswijk útkomme yn de earste klasse. De klup stie by it stillizzen fan de kompetysje fanwegen it coronafirus op it fjirde plak yn de twadde klasse, mar koe troch in beslút fan de KNVB dochs promovearje.