Hurdfytser ferwûne by Lytsewâld nei botsing mei auto

Op de Steenharst by Lytsewâld is sneontemiddei in hurdfytser út Gryptsjerk ferwûne rekke nei in botsing mei in auto. In ambulânse en de plysje kamen dêrop mei haast te plak.
© De Vries Media
De hurdfytser is troch ambulânsepersoniel behannele en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.
De racefyts kaam troch de klap yn 'e feart telâne. De auto rekke licht skansearre troch de botsing.