Partoer Van Zwieten wint earste haadklassepartij yn Moarre-Ljussens

11 jul 2020 - 18:20

It partoer fan Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hat de earste haadklassepartij fan it keatsseizoen yn Moarre-Ljussens wûn. It partoer Van Zwieten wie yn de finale mei 5-1 6-6 te sterk foar it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Pieter Jan Leijenaar.

Renze Pieter Hiemstra - goede

De lytse preemje wie foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra, dy't yn de heale finale fan Van Zwieten-en-dy ferlearen mei 5-3 en 6-2.

Oardel meter

De keatspartij yn Moarre-Ljussens wie de earste sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Nederlân. It publyk moast op oardel meter ôfstân fan inoar bliuwe. Hjirfoar hie de organisaasje tal fan maatregels troffen. Yn totaal wienen der neffens de organisaasje tusken de 500 en 600 taskôgers.

Earste keatswedstriid

By de froulju wie it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia de sterkste. Sy wûnen yn de finale fan Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum mei 5-4 en 6-2.

De lytse preemje wie foar Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Dat partoer wie yn de partij om it tredde plak better as Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

Winners by de froulju - Foto: Henk Bootsma

Snein komme de keatsers foar de twadde kear yn aksje. De manlju keatse dan opnij yn frije formaasje yn Boalsert.

Winners Menno van Zwieten en Renze Pieter Hiemstra nei ôfrin fan de partij

(Advertinsje)
(Advertinsje)