Atleten organisearje op eigen inisjatyf alternative Frysman-triatlon

11 jul 2020 - 16:40

Sûnder de útbraak fan it coronafirus hie it sneon de dei west foar de offisjele edysje fan de Frysman, de jierlikse triatlon. Dy giet sneon net troch, mar dat wjerhâldt in tal dielnimmers der net fan om sels in triatlon te organisearjen. Op eigen inisjatyf diene de dielnimmers sneon in heale triatlon: 1,9 kilometer swimme, 90,1 kilometer fytse en 21,1 kilometer hurdrinne.

Frysman

Sa'n 30 oant 35 atleten binne sneon yn it spier. Net in offisjele Frysman dus, mar wol mei itselde startplak. Koördinator David van Oosten docht sels ek mei oan de triatlon. ''Ik begeleid veel atleten en het kriebelt enorm om iets te doen. Toen dachten we: kunnen we niet gezamenlijk iets op eigen initiatief doen. Zo is dit tot stand gekomen'', seit Van Oosten. Sneon wie eins de offisjele Frysman-triatlon west, mar dy falt troch de coronakrisis yn it wetter. By de Frysman-triatlon moatte de sporters 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42,2 kilometer hurddrave.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De dielnimmers binne fjouwer wiken lyn begûn mei de tarieding fan de triatlon. ''De een regelt de catering, de ander regelt de hekken voor de fietsen. Iedereen draagt zijn steentje bij.'' De dielnimmers moatte harren wol gewoan oan de maatregels hâlde. Van Oosten: ''We houden sowieso natuurlijk afstand, iedereen is zelfvoorzienend en op die manier kunnen we dit doen en ons toch aan de richtlijnen houden.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)